Waarpraatsje: Om de 20 graden hinne

augustus 31, 2021 18:59

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau tiisdei, tsjin ‘e ferwachting yn, hast de hiele dei skier. Op woansdei bliuwt it ek lang bewolkt.

Yn ‘e nacht nei woansdei ta is de loft berûn en op guon plakken soe in hiel lyts bytsje storein falle kinne. De wyn komt út it noarden oant noardwesten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt in graad as 12.

Woansdei is it lang skier, mar yn ‘e rin fan ‘e dei soene we de sinne noch efkes sjen kinne. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it krapoan 20 graden.

Tongersdei is der gjin feroaring.

Jan Brinksma

augustus 31, 2021 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.