Waarpraatsje: Moai neisimmerwaar

augustus 30, 2021 18:47

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in drûge moandei mei geandewei mear sinne, bliuwt it foarearst kreas waar. Oant snein wurdt gjin delslach ferwachte.

Yn ‘e nacht nei tiisdei ta binne der opklearringen en op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. De wyn komt út ferskillende rjochtingen en is swak, mar by de kust lâns stiet in matige noardewyn. De temperatuer leit om de 11 graden hinne.

Tiisdei kin wat skier begjinne, mar letter wikselje sinne en bewolking inoar ôf. By in matige noarde- oant noardwestewyn wurdt it 20 graden.

De oare dagen fan dizze wike feroaret der net folle.

Jan Brinksma

augustus 30, 2021 18:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.