Waarpraatsje: In drûge wike

augustus 29, 2021 19:39

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze sneon mar wol mei hiel wat wyn en in suterige snein krije wy no in, sa goed as, drûge wike.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it 13 graden.

Moandei is it earst oan de skiere kant, mar geandewei komt de sinne der hieltyd better by. De wyn komt út it noarden en is matich, boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 19 graden hinne.

It bliuwt de hiele wike drûch en op hast alle dagen sille wy de sinne ek wol sjen. Mei in graad as 20 is it noflik waar.

Jan Brinksma

augustus 29, 2021 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.