Waarpraatsje: Gewoan simmerwaar

augustus 26, 2021 18:55

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei earst skier, mar yn ‘e middei klearre it op en seagen wy de sinne ek noch efkes. It bliuwt foarearst gewoan simmerwaar. Net te kâld en wis ek net te waarm.

Yn ‘e nacht nei freed ta wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it noarden oant noardwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns en yn it Waadgebiet stiet mear wyn. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Freed feroaret der net folle. Sinne en bewolking wikselje inoar ôf en der is in lytse kâns op in bui. De noardewyn is matich en by de kust lâns frij krêftich. Op de measte plakken wurdt de 20 graden krekt net helle.

Yn it wykein gewoan Nederlânsk simmerwaar.

Jan Brinksma

augustus 26, 2021 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.