Waarpraatsje: Freed noch simmer

augustus 12, 2021 19:13

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in noflike en simmerske tongersdei en sa sjocht it waar der foar freed ek út.

Yn ‘e nacht nei freed ta is it helder. De swakke wyn komt út ferskillende rjochtingen, mar by de kust lâns stiet in swakke oant matige sude- oant súdwestewyn. It wurdt 13 graden.

Freed skynt de sinne wer flink. De weste- oant súdwestewyn boazet wat oan en wurdt matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. De temperatuer leit tusken de 20 en 23 graden.

Sneon is it noch stabyl simmerwaar, mar fan snein ôf nimt de kâns op delslach ta en it wurdt stadichoan ek wer wat frisser.

Jan Brinksma

augustus 12, 2021 19:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.