Utstalling oer Jan Loman yn Tresoar

augustus 12, 2021 08:38

Jan Loman | Grinsoerskriedend

Boarne: Tresoar

Yn 2021 is it fyftjin jier ferlyn dat Jan Loman (1918 – 2006) ferstoarn is. Jan Loman is benammen bekend fan it ikoanyske byldmerk foar de Waadferiening. Ek foar wa’t mear fan keunst hâldt dy’t makliker werom te kennen is, is de abstraksje fan in goes, hoarizon en sinne in fertroud byld wurden en bleaun. In byld dat oandacht generearje moast foar it behâld fan wat wilens ‘Unesco Werelderfgoed de Waadsee is’.

Fan 20 augustus oant en mei 31 oktober 2021 beljochtsje Tresoar en Galerie Bloemrijk Vertrouwen (Aldtsjerk) it literêre en byldzjende wurk fan dichter, keunstner, lânmjitter en organisator Jan Loman (Boalsert 1918 – Beetstersweach 2006). Tresoar bringt fraaie bondels haikû op ferskaat materiaal, yn gearhing mei syn libbensferhaal en mei tekstuele, abstrakte en lânskiplike fliselinen, grafyk, skilderkeunst en assemblaazjes. Galerie Bloemrijk Vertrouwen bringt orizjinele foto’s út de Loman kolleksje fan Tresoar en beljochtet de perioade yn Ynje, foarmjouwing, tekstyl en wurkwize fan Loman. Gerhild van Rooij, (Galerie Bloemrijk Vertrouwen) is gastkurator fan de dûbeld-eksposysje.

Loman hearde ta de avant-garde fan de noardlike keunst yn de jierren ’60 mei syn oan de Nulbeweging besibbe grafyk en wie mei-oprjochter fan keunstnersgroep NU. Loman syn wurk is opnommen yn de kolleksjes fan musea yn Grins, Drachten, Ljouwert, Arnhim, De Haach en universiteiten fan Delft en Leien. Musea gean troch mei it toanen fan Loman syn wurk en syn logo foar de Waadferiening is ikoanysk. Ek as dichter bliuwt er yn de belangstelling stean mei syn strak foarmjûne tegels mei haikû by histoaryske lokaasjes, fan Nimwegen oant Nesvåg yn Noarwegen.

Loman wie keunstner yn Fryslân, mar hy soe himsels nea Frysk keunstner neamd hawwe. Fryslân stie foar inkelde universele eleminten fan tiid en romte. De direkte omjouwing ynspirearre, mar wie net it ramt dêr’t Loman him yn opsleat. Fytsend nei de HBS op It Hearrenfean belibbe Loman ûnderweis it lânskip, it ljocht. Hy fûn dêrnjonken fiergesichten yn de keunst: Mondriaan, De Stijl en Haagse school. Yn 1937 ferhuze er nei Delft dêr’t er njonken de stúdzje Geodesy kolleezjes keunstskiednis folge. Yn 1940 seach hy Rotterdam yn brân stean en fytste hy nei syn âlden yn Ljouwert. Hy waard sivyl lânmjitter by it kadaster, mar moast ûnderdûke. Yn dy tiid learde er etsen en tekene er portretten – sy suster helle modellen fan de strjitte. Yn syn wurk, byldzjend likegoed as tekstueel, sleat er him oan by ynternasjonale ûntjouwingen en streamingen. Dichter-keunstner-foarmjouwer Loman skepte romte yn wurd en byld op ferskate plakken, lykas yn Skandinavië, yn ‘syn twadde heitelân’ Noarwegen en op it Waad en syn favorite Skiermûntseach.

By de útstalling ferskynt op 30 septimber in bondel mei syn haikû, de Japanske fersfoarm dêr’t mei teze en antyteze yn trije rigels de essinsje fan in observaasje of gedachte yn ferwurde wurdt. De bondel befettet alle haikû dy’t Loman publisearre hat of yn stien fette, rom tachtich, mei de Fryske oersetting (troch de gastkurator). Yn septimber en oktober organisearret Tresoar twa lunchlêzingen, dêr’t gastkurator Gerhild van Rooij fan Galerie Bloemrijk Vertrouwen mear yn fertelt oer Jan Loman en syn wurk. Op sneons binne yn GBV de films Stiller om de Noord fan Beeldlijn en Yndrukken fan Omrop Fryslân te sjen, mei Loman op Skiermûntseach en yn syn wenplak Beetstersweach. Foar dizze dûbeld-eksposysje makke Anne Fie Salverda twa animaasjes oer twa haikû fan Loman.

Dêrnjonken jout âld-direkteur fan Tresoar Bert Looper op de woansdeis yn septimber op ynskriuwing in ynlieding en rûnlieding troch de eksposysje fan Loman yn Tresoar. Yn de hjerstfakânsje is der in haikû manifestaasje yn gearwurking mei dichterskollektyf RIXT.

Mear ynformaasje oer de boekpresintaasje, lunchlêzingen, rûnliedingen, haikû manifestaasje en films folgje ynkoarten. Hâld dêrfoar ús websiden yn de gasten: Galerie Bloemrijk Vertrouwen en Tresoar.

augustus 12, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.