Utstalling ‘Koos van der Sloot – Kloktiid foarby’ yn Obe

augustus 31, 2021 08:21

Yn paviljoen Obe is fan 4 septimber oant en mei 31 oktober 2021 de oersjochútstalling ‘Koos van der Sloot – Kloktiid foarby’ te sjen.

Boarne: Tresoar

Koos van der Sloot (1953-2018) wurke as stêdeboukundige foardat er himsels op ’e nij útfûn as keunstner. Yn de koarte perioade fan syn publike keunstnerskip, fan 2007 oant syn dea, makke er in boeiende ûntwikkeling troch. Hy socht nei de grinzen fan de abstraksje en lei se hieltyd fierder, om himsels yn beweging en ûntwikkeling te hâlden.

Yn syn eigensinnich universum liket in striid geande mei de tiid. Yn syn iere wurk is it de tiid dy’t fia de fassinaasje foar aaien it wurd ta ús rjochtet. Dy eggscapes drage symboalyske nammen dêr’t tiid fan libjen, de seizoenen en it ferglydzjen fan de tiid yn oantsjut wurde. Koos van der Sloot fûn prachtige manieren om syn jeugd, syn gefoelens en foaral syn ferbûn wêzen mei it Fryske lân te ferbyldzjen. It aai wie foar him de metafoar fan tal fan oantinkens oan en betsjuttingen fan syn jeugd en nei it lânskip fan syn berteplak De Jouwer. It aaisykjen wie foar him ferbûn mei de rook, de kleuren en lûden fan de betide maitiid. De titels fan guon kollaazjes fan aaien, hout en elektrisiteitstried ferwize direkt nei dy jeugdoantinkens of lykje bedoeld om de oantinkens wer oproppe te kinnen.

‘virtual egg’ fan Koos van der Sloot (boarne: Tresoar)

Geandewei waard syn wurk waard abstrakter en oardering fierde de boppetoan. De assemblaazjes mei aaien makken plak foar boukundige konstruksjes. Dy wurken fange op ienfâldige, mar tagelyk yngenieuze wize it ferglydzjende deiljocht, mei aaifoarmige skaadgatten as resultaat. De tiid is yn it wurk sels slûpt en liket dêryn oplost.

Yn gearwurking mei de Stichting Koos van der Sloot en Tresoar toant kurator Albert Oost yn de útstalling de wûnderlike gearhing fan it wurk fan Koos van der Sloot, dat syn plak fertsjinnet yn de kanon fan de keunst.

By de útstalling ferskynt it boek Koos van der Sloot (útjouwerij Noordboek). Ferskillende auteurs (Albert Oost, Annet Huisman, Bert Looper, Herman Nijholt, Fred Wagemans, Nynke-Rixt Jukema en Anne Feddema) tsjutte syn wurk út keunsthistoarysk of persoanlik perspektyf wei. De toan is ôfwikseljend essayistysk, ferhalend of poëtysk. Ek de stim fan de keunstner sels klinkt yn in oantal fan syn fersen.

Mear ynformaasje oer de boekpresintaasje en oare aktiviteiten by de tentoanstelling folgje meikoarten. Hâld de webside fan Tresoar yn ’e gaten.

Obe – it poadium foar literatuer, keunst en taal
Heer Ivostraatje 1, Ljouwert
Tongersdei o/m snein 11.00 – 17.00 oere
Reservearje is net nedich

augustus 31, 2021 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.