Twa Japanners ferstoarn nei doasis fan weromlutsen Modernafaksin

augustus 28, 2021 11:05

Yn Japan binne twa minsken ferstoarn dy’t mooglik faksinearre binne mei fersmoarge Modernafaksin, seit it ministearje fan Folkssûnens yn Tokio. It giet om twa manlju fan yn ’e tritich. Hja ferstoaren beide in deimannich nei harren twadde prip.

Foto: pixabay.com

It tatsjinne faksin bliek ôfkomstich te wêzen fan in partij dy’t letter efterholden waard, nei meldingen dat fleskes fersmoarge wiene. De krekte deadsoarsaak fan de manlu en in mooglik ferbân mei de prippen wurdt ûndersocht.

Japan besleat tongersdei út foarsoarch mear as 1,6 miljoen doases fan it Modernafaksin yn te lûken nei meldingen oer mooglike fersmoarging. De faksins wiene doe al oer goed 800 faksinaasjesintra yn it hiele lân ferspraat. Sawol it regear as Moderne sei dat it om in foarsoarchsmaatregel gie en dat der gjin ôfwikingen fêststeld wiene.

Yn Europa binne gjin mooglik fersmoarge fleskes mei it Modernafaksin ferspraat, hat de farmaseut oan it Europeesk Medisynagintskip befêstige. It agintskip hat wol om mear ynformaasje oer de risiko’s frege. De Japanske omrop NHK berjochtet op basis fan it ministearje dat de fersmoarging út metaaldieltsjes bestean soe.

augustus 28, 2021 11:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.