Twa fergeze koroanaselstesten foar alle Nederlânske húshâldens

augustus 10, 2021 09:09

De kommende tiid krije alle húshâldens yn Nederlân in brief dêr’t se fergees twa koroanaselstesten mei bestelle kinne. Minsken kinne mei in koade de testen oanfreegje en dy wurde dan binnen oardel wike thúsbesoarge. It ministearje fan Folkssûnens ropt elkenien op fan dy mooglikheid gebrûk te meitsjen.

Foto: pixabay.com

De earste brieven lizze hjoed yn ’e bus en it duorret noch de hiele moanne foar’t alle acht miljoen húshâldens der ien hawwe. Yn de brief wurdt nochris wiisd op it belang fan testen om besmettingen foar te kommen. Demisjonêr minister De Jonge hopet dat in protte minsken har de kommende tiid teste litte, bygelyks foar’t se nei de fakânsje foar it earst nei skoalle of nei it wurk gean, of foar’t se famylje of freonen wer sjogge.

Epidemiolooch Amrish Baidjoe fynt de strategy folslein ûndúdlik. Tsjin de NOS sei er dat der noch in protte net brûkte testen klearlizze en dat de steat dêr faaks fan ôf moat, mei’t de hâldberheidsdatum hast ferstrykt. Neffens de epidemiolooch is it better om de testen op logyske plakken yn te setten, bygelyks op it wurk of yn in yn te rjochtsjen teststrjitte op Skiphol om alle minsken dy’t weromkomme dêr te testen. Dan kinne minsken fuort goed advys krije en noch in twadde test foar thús. Baidjoe seit ek dat wichtige ynformaasje net altyd goed oer te bringen is mei in brief, mei’t yn Nederlân in protte minsken letterswak binne.

De lanlike fersprieding fan selstesten giet lykop mei in kampanje op radio en telefyzje om just elkenien goed berikke te kinnen. “Undersyk wiist út dat men besmetlik wêze kin sûnder sels klachten te hawwen en hoewol’t faksinearre minsken minder maklik it firus oerdrage kinne, kinne sy ek yn guon gefallen noch hieltyd oaren besmette”, seit it ministearje.

It kabinet wol ek op in oare wize selstesten promoatsje. Meiwurkers fan de GGD sille fergeze testen útdiele oan weromkommende reizgers op fleanfjilden. En studinten krije ek de beskikking oer fergeze selstesten. It ministearje seit mei klam dat selstesten inkeld bedoeld binne foar minsken dy’t gjin klachten hawwe. Minsken dy’t wol klachten hawwe of yn ’e buert fan ien mei koroana wiene, moatte har by de GGD teste litte, is it devys.

augustus 10, 2021 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.