Tûzenen peukjesikers op it strân

augustus 1, 2021 11:50
Foto: Mart Smit / Stichting De Noordzee

Fan hjoed ôf strune sa’n twatûzen minsken fyftjin dagen lang de Nederlânske strannen ôf om ôfeart op te romjen. Benammen peuken wurde ferwidere. Dit jier wurde de peuken apart holden en teld, dat de organisaasje in yndruk jaan kin fan de peukefersmoarging op ‘e kust.

Peuken binne samar gjin ûnskuldige propkes papier dy’t men sêfts fuortsmite kin. Marijke Boonstra fan de organisearjende Stichting De Noordzee seit: “Lang niet iedereen weet dat de filter van een sigaret grotendeels uit plastic en giftige stoffen bestaat die wel acht liter water kunnen vervuilen. Voor een schone en gezonde Noordzee zijn peukenvrije stranden nodig. Het strand is geen asbak!”

Op Skiermûntseach en yn Cadzand sette hjoed de earste frijwilligers fan ein.

De oprommerij wurdt sa njonkenlytsen tradysje. Stichting De Noordzee organisearret de aksje al sûnt 2013. De stifting docht ek war om de fersmoarging te beheinen. Nei’t frijwilligers yn 2018 en 2019 tûzenen ballonnen fan ‘e strannen helle hawwe, hawwe de measte gemeenten yn Nederlân it oplitten fan ballonnen ferbean of ûntmoedige. Dat hat fertuten dien: ballonnen steane net mear yn de top-fiif fan brol dy’t it meast op ‘e strannen fûn wurdt.

Dy’t meidwaan wol oan de opromaksje, kin him oanjaan op it webstee www.beachcleanuptour.nl/etappes.

augustus 1, 2021 11:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.