Tsien nije keunstwurken fan Banksy by Ingelske kust lâns

augustus 15, 2021 08:50

De anonime Britske keunstner Banksy hat befêstige dat er tsien keunstwurken oan de Ingelske kust makke hat. De ôfrûne dagen ferskynden yn ferskate kuststêden wurken yn de styl fan de graffitykeunstner. Der waard al tocht dat de muorreskilderingen troch Banksy makke wiene, mar dy hie noch net befêstige dat se fan him wiene.

Foto: pixabay.com

Freedtejûn makke Banksy in ein oan de spekulaasjes: hy sette in fideo op syn Instagram-akkount mei de titel A great British spraycation. Dêr rydt in ûnwerkenber persoan yn, wierskynlik Banksy sels, yn in kemper fan plak nei plak. Alle keunstwurken komme yn ’e fideo foarby. Fan in stikmannich is foar in part te sjen hoe’t se makke binne. De fideo is oant no ta goed trije miljoen kear besjoen.

Yn ûnder mear Great Yarmouth, Gorleston en Cromer makke er keunstwurken op muorren. Bygelyks fan in dûnsjend span op in bushalte en fan in mûs yn in strânstoel dy’t in cocktail drinkt.

Oer Banksy is noch altyd net folle bekend. Oannommen wurdt dat er in wite man út Bristol is. Der wurdt al jierren grute dat de man efter it pseudonym Robert Del Naja is, de sjonger fan triphopgroep Massive Attack. Yn syn keunst ferwurket Banksy faak konfrontearjende politike boadskippen.

augustus 15, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.