Tsien bistefoto’s

augustus 2, 2021 12:33

DE NIJE, de papieren suster fan It Nijs, hâldt sa no en dan in fotopriisfraach. Foar jiergong 3 nûmer 2 – dat Bisten as spesjaal tema hie – is fan ’t winter ek wer sa’n priisfraach útskreaun, mei datselde tema.

Dêr waarden mar leafst 76 foto’s foar ynstjoerd. De trije winnende foto’s en noch sân oare binne yn it lêst útkommen nûmer fan DE NIJE publisearre.

Tsien oare foto’s sille, ien foar ien, mei yngong fan moarn yn augutus/septimber op tiisdei en tongersdei, yn de rubryk ‘Ferdivedaasje – Kreative bydragen’. Op de thússide binne se te sjen ûnder de ynhâld fan de rubryk ‘Kommentaar fan koartby’. Troch dêr op de foto te klikken ferskynt er yn it grut op it skerm, mei de namme fan de fotograaf en it eventuele byskrift.

augustus 2, 2021 12:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.