Tekoart oan papier probleem foar boekesektor

augustus 17, 2021 08:38

De boekesektor hat lêst fan in tekoart oan papier. Troch de koroanapandemy wurdt oer de hiele wrâld mear thúsbesoarge en is der in enoarme fraach nei kartonnen doazen foar pakketsjes fan webwinkels en nei pizzadoazen. Papierpulp is dêrtroch net oan te slepen. Mar dat is ek nedich foar boeken, en dy sektor liket wat it slachtoffer te wurden.

Foto: pixabay.com

Papierpulp makket in hieltyd gruttere kâns om in doaze te wurden yn stee fan in boek. Yn Azië groeit de merk foar húskepapier ek tige, dy liket wichtiger as de boekemerk. De priis fan karton is yn Europa mei tritich oant 54 persint omheechgien, skriuwt Het Financieele Dagblad. Saakkundigen ferwachtsje dat guon webwinkels de kosten oan de konsumint trochberekkenje sille. It tanimmen fan it webwinkeljen is net de iennige oarsaak fan de priisstiging, der is ek in enoarm tekoart oan grûnstoffen. Karton wurdt fan âld papier makke, dêr’t de lêste jierren in krapte oan ûntstien is. Der wurdt folle minder papier brûkt foar bygelyks tydskriften en kranten en dat bedarret dus net yn ’e papierbak.

Utjouwers moatte dêrom harren útjeften goed planne, want oars kin it barre dat guon titels net leverber binne. Foar it boekewikegeskink, mei in oplage fan 600.000, is al gâns wat papier reservearre. Grutte soarch is oft der genôch en betelber karton is om al dy boeken nei de boekhannels en biblioteken te krijen, seit in wurdfierder fan it CPNB, organisator fan lanlike boekkampanjes.

augustus 17, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.