Teaterproduksje ‘Floed’ by Woudagemaal trochskood nei 2023

augustus 28, 2021 10:29

©Almar Setz Fotografie

Stifting De Noorder Smederij hat besletten om de teaterproduksje Floed by it Ir. D.F. Woudagemaal op ’e Lemmer te ferskowen nei septimber/oktober 2023.

Neffens de organisaasje binne de artistike konsesjes dy’t nedich binne fanwege de no jildende koroanamaatregels foar eveneminten te grut en dogge dy ôfbrek oan de kwaliteit fan de foarstelling. De tanimmende ûnwissens oer mooglike ferrommingen fan maatregels jout ek gjin perspektyf.

It unike ferhaal oer de magy en krêft fan wetter soe 17 septimber yn premjêre gean, as kroan op it hûndertjierrich jubileum fan it UNESCO Wrâlderfgoed stoomgemaal. Tagongskaarten bliuwe jildich foar de nije foarstellingen yn 2023.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs oer de foarstelling Floed.

augustus 28, 2021 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.