Taalstriid lôget op yn Kanadeeske provinsje Nij-Brunswyk

augustus 6, 2021 12:55

De ôfrûne oardel jier hawwe in protte Kanadezen út oare provinsjes harren nei wenjen set yn de eastlike provinsje Nij-Brunswyk. Ta skrik fan guon Ingelsktaligen binne dêr ek ientalich Frânske gemeenten. Dat hat wilens ta protesten laat.

De provinsje Nij-Brunswyk is twatalich: it noarden is foaral Frânsktalich, de midden en it suden foaral Ingelsktalich. As op syn minst tweintich persint fan ‘e ynwenners in taal praat, is de gemeente twatalich, oars ientalich.

In protte Ingelsktalige ymport yn it noarden fan Nij-Brunswyk hie der net op rekkene dat alle buorlju Frânsktalich wienen, lykas de skoallen en de gemeente. Hja protestearje no, om’t hja wolle dat de oerheid ek it Ingelsk brûkt.

Yn Rogersville, in doarp mei sa’n 1200 ynwenners, is 91 persint fan ‘e ynwenners Frânsktalich. Boargemasterske Angèle McCaie seit dat Ingelsktaligen dy’t mei it gemeentehûs skilje, gauris kleie dat se yn it Frânsk te wurd stien wurde. Hja seit dat de lilke nijkommers dan sizze dat de provinsje dochs twatalich is: “Hja tinke dat alle gemeenten alles twatalich dogge, mar dat is net sa.”

Neffens frou McCaie binne der likernôch fyftich nije húshâldings yn Rogersville kaam yn de koroanatiid, de measten út de Ingelsktalige provinsje Ontario. Hja neamt de lege huzeprizen as wichtichste reden om te ferhúzjen.

Dat de moanlikse nijsbrieven fan de gemeente Frânsktalich binne, hat neffens har foar in soad ûnbegryp soarge. “As wy se yn it Ingelsk oersette moasten”, seit hja, “soenen wy te min jild en minsken hawwe. Se soene ek twaris sa lang wurde. Dat kinne wy net betelje.”

Neffens har kinne nijkommers mûnling faak wol yn it Ingelsk holpen wurde as se op it gemeentehûs komme, mar de feroarderings en oare gemeentlike dokuminten binne no ienris yn it Frânsk. Om dy allegear oer te setten soe de belestingbeteller tefolle belêste.

Frou McCaie seit dat se de frustraasje wol begrypt. “Tagelyk”, seit hja, “as ik nei in lyts Ingelsktalich doarp ferhúzje soe, soe ik ek net easkje dat om my alles yn it Frânsk dien waard.” Hja seit dat minsken dy’t yn Kanada ferhúzje har earst goed ynformearje moatte oer it plak dêr’t se hinne ferhúzje, wolle se net foar ferfelende ferrassings komme te stean.

1. Gebieten mei Ingelsk as fiertaal. 2. Twatalige gebieten (Ingelsk/Frânsk). 3. Gebieten mei Frânsk as fiertaal. It grutte bêzje gebiet is sa goed as ûnbewenne.
augustus 6, 2021 12:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.