Spannende finale PC

augustus 4, 2021 18:52

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hawwe woansdei de 168e edysje fan de PC wûn. Op It Sjûkelân yn Frjentsjer wiene sy mei 5-2 6-6 te sterk foar Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Mei de huldiging waard Erwin Zijlstra ta Kening útroppen.

“Moaier is der net”, seit Gert-Anne van der Bos nei de tige spannende finale. “Je hawwe ‘m wer ris te pakken. Je steane tsien kear yn de finale en je hawwe leaver mear earste as twadde prizen. As je letter in âld mantsje binne, kinne je weromsjen op in moaie tiid. Mar it waard wol wer ris efkes tiid.” It wie in finale dêr’t it echt ticht byinoar lei en dêr’t de PC pas echt spannend waard.

Dochs gie it net fansels, seit ek Van der Bos. “Je witte dat je oan de bak moatte en dat je jesels útdaagje moatte.” Dy rol seach hy ek foar himsels. “Je nimme it partoer op sleeptou. Je binne fan jannewaris ôf al oan it trainen. Wy giene der mei syn trijen tsjinoan. Dit is wer in prachtich moaie dei.”

Foar Erwin Zijlstra wie it de earste kear, foar Van der Bos en Triemstra de sechsde winst fan in PC. Triemstra hat al 21 PC’s op syn namme en woe ‘m graach bewize. “It waard ek wer tiid, fan 2015 net mear wûn. Je hawwe in soad finalen ferlern, dan wolle je sa graach winne.”

“It sit my sá djip yn it bloed, it keatsen”, seit en emosjonele en suver heaze Triemstra. “Dan komt alles derút. Ik bin der hiel bliid mei. It is in geweldich partoer dêr’t wy tsjin moatte, mar wy kinne se hawwe. Gert-Anne lit efkes sjen watfoar keatser hy is. En Erwin, wat in geweldner: de bear fan Littens.”

Hy is mar wat wiis mei de oerwinning. “De earste twa partijen wiene wat makliker, mar dêrnei waarden wy wol op skerp set. Ik sei mei de finale: miskien komt it wol goed út dat wy wat flaterkes makken. It hat ús op skerp set. Wy bleaune trochsetten. Wy hawwe der hurd oan wurke, it is machtich dat it him sa útbetellet.”

Yn ‘t foar hearden beide partoeren al by de grutte favoriten foar de winst. Marten Bergsma is yn goede foarm en syn teammaat Dylan Drent hat ek in goeie yndruk sjen litten. It partoer fan Van der Bos wie wat minder konstant, mar mei Zijlstra en Triemstra hie er al sjen litten dat sy inoar bot optille kinne.

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 4, 2021 18:52
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wim augustus 4, 19:14

    Ik ha de PC dit jier ris folge, en der ek wat oer lêzen. Doe seach ik ek de wurden ‘preemje’ en ‘lytse/twadde preemje’, wat it twadde en tredde plak betsjút. Is dat eat typisk foar it keatsen, of wurdt dat ek by oare sporten brûkt?

    En klopt it dat jo de lytse preemje winne as jo mear punten scored ha dan it oare partoer yn de oare heale finale?

    En de sprekwize ‘it giet om priis en preemje’ is dat in opset wer gjin 3e plak is ofsa?

    Yn elts gefol in moaie sport wol dat keatsen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.