Sotra: it Sorbyske alternatyf foar Google Translate

augustus 13, 2021 19:01
Twatalige buorden yn it Sorbyske gebiet (boarne: Wikipedia / Svolks, CC)

Dy’t in tekst út it Frysk yn it Finsk oersette wol, of út it Spaansk yn it Frysk, kin gebrûk meitsje fan Google Translate. Dat is in webside fan Google dy’t sawol yntypte (of knip-en-plakte) teksten fan de iene taal yn de oare oerset as folsleine websiden. Op it stuit kin Google Translate sa’n njoggentich talen oersette. Net alle kombinaasjes wurkje like goed, mar men kriget altyd in yndruk fan wat der yn in tekst yn in frjemde taal skreaun wurdt.

It Sorbysk is net ien fan dy rûchwei njoggentich Google-talen. De taal wurdt yn twa farianten praat yn de East-Dútske regio Lausitz. It Sorbysk is in Slavyske taal, besibbe oan it Poalsk en it Tsjechysk, dy’t eartiids yn in folle grutter gebiet praat waard. Hjoed de dei prate sa’n tritich- oant fyftichtûzen minsken Sorbysk.

De Sorbyske organisaasje Domowina hat dêrom sels in oersetprogram ûntwikkele: Sotra (‘suster’). It kin op ‘e kompjûter of as app op ‘e bûstelefoan brûkt wurde. It set oer fan it Sorbysk yn it Dútsk of oarsom om. De foarmjouwing bringt jin Taalweb yn it sin, dat in oersetter Frysk-Nederlânsk en omkeard hat. Sotra is ôfrûne wike folslein fernijd: der is in staveringshifker yn ynboud en brûkers kinne oersettings bekommentariearje, sadat de app hieltyd better wurdt.

Sotra is hjir te finen.

augustus 13, 2021 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.