Skotske plysje wol mear Gaelic brûke
Resint ferskynd

Yn Fryslân liket sels in dûbeltalige oantsjutting politie / plysje op plysjeweinen fier fuort, mar yn Skotlân nimt de plysje sels de foarstap om te sjen oft it Gaelic mear brûkt wurde kin.
De Skotske plysje is fan betinken dat it stypjen fan de eigen taal in ferantwurdlikheid fan alle Skotten is en dus ek fan ‘e plysje. De plysje hat dêrom in útstel skreaun foar mear twataligens en freget de Skotten om dêrop te reagearjen.
De trije prinsipes fan it foarstel binne: lykweardigens fan Ingelsk en Gaelic, in aktive taalhâlding en it gewoan meitsjen fan it Gaelic. Ien fan de earste aktiviteiten is om it âlde plysjelogo troch it nije twatalige logo te ferfangen: oeral yn Skotlân moat op plysjeweinen, plysjeburo’s en unifoarmen Police Scotland / Poileas Alba te sjen wêze. Alle meiwurkers fan ‘e plysje krije it oanbod om fergees kursussen Gaelic te folgjen.
Op termyn fan twa jier wol de Skotske plysje dat elkenien it rjocht hat om de plysje yn it Gaelic mails en brieven te stjoeren. Der moat ek in twatalich webstee komme. Op termyn fan trije jier moat de plysje bysteat wêze om foarljochtingen op skoallen yn it Gaelic te dwaan. Gaelictalige gadingmakkers foar nije funksjes krije ek foarrang.
Jo hoege net hielendal nei Skotlân ta. Yn België yn de Ostkantons wurdt Dútsk praet en stiet op de Belgyske polysjeweinen gewoan:”Polizei” . Yn Flaenderen stiet der “Politie” op en yn Wallonië: “Police”. Sa soe it by ús eigenllik ek wêze moatte !