Simone Djurrema: Drok, drok, drok…

augustus 7, 2021 07:00

Kollum

Simmerdeis moat ik der just by wêze. Ik hie ommers myn fêste baan by de thússoarch opsein, om’t ik dêr myn aai net kwyt koe. Ik begriep der neat fan. Ik fûn it wurk net iens sa raar en koe oer it algemien mei de kollega’s goed oerwei, mar ik waard wurger en wurger, wylts it – neffens Nederlânske begripen – hielendal net stressich wurk is. It gie úteinlik net mear.

Om hjir yn Sweden wurk te finen dat my hielendal past, is noch net sa maklik. Yn de hiele gemeente wenje likefolle minsken as yn Burgum. Dêr binne de banen ek neffens. Ik haw in pear kear op in baan dien dy’t my wol oanstie en sels op sollisitaasjepetear west, mar ik waard it net. It is my no eins wol goed. Ik skriuw allinnich noch as der wat hiel oantrekliks op myn paad komt. Ik wol eins net yn ’e stêd wurkje en trije kertier ride moatte om der te kommen. Dat ik wurkje no al in moai skoft as opropkrêft en ik haw alle moannen moai genôch oeren. Sa kin it nea in sleur wurde lykas by de thússoarch.

Om’t ik yn ’e simmer dochs wol wat ekstra’s fertsinje wol, wurkje ik as fakânsjekrêft hieltyd by deselde minsken. Ik hie frege oft ik foar de man yn de rolstoel de helte fan de simmer krije koe, want de twadde helte hat de bline frou dy’t ik begelied, frij. Nee, dat koe net, it wie alles of neat. Ik koe ek aardich wat nachten krije, dat ik haw mar ja sein. Mar doe…

Ik haw dagen hân dat ik de nachts wurke hie, gelokkich mei ik dêr dan sliepe, ik hoech der mar ien kear ôf om de man om te draaien. Dan wie ik tsien oere moarns frij en koe ik noch krekt nei hûs om my te ferklaaien en wat te iten en dan nei de bline frou ta om de hiele dei mei op stap. Jûns seis oere klear en dan om njoggen oere wer nei dy man ta.

Hindrik moast in kear nei Göteborg ta om bylzen foar in klant op te heljen. Ik tocht: lit my fan ’e middei ris gesellich meigean, dan sjogge we inoar ek noch ris. Dat tsien oere klear by it wurk, noch in hântaast thús dwaan en mei him dy kant út. En doe krigen we op de weromreis problemen mei de auto. Gelokkich wie it ‘mar’ in healoerke fan hûs ôf, it hie ek yn Göteborg wêze kinnen. Nei wat skiljen mei de monteur – nee der mocht net mear mei riden wurde – en wat geharrewar mei de bern, kamen dy mei twa auto’s. De iene naam Hindrik en de karre mei en de oare sleepte my mei de auto oer de lytse kronkeldykjes nei hûs ta. Dat gie my earst fierstente hurd! By slepen binne de beide auto’s net safier faninoar ôf, dat ik siet knap yn ‘e senuwen. Ik remme op it lêst sa hurd dat we stopje moasten. “Ik kin dat net asto sa hurd rydst. Ryd mar as in âld wiif. In hiel âld wiif. In DEA wiif byneed!” Doe gie it prima, mar we wiene pas fiif foar healwei njoggenen thús. Ik moast my noch dûse en ite en nei it wurk. Mar leau it of net, ik wie klokslach njoggen oere by de man mei de rolstoel!

En dan noch besite! Ik wol werklik net dat ús gasten fuortgeane en dat ik neat aardichs mei harren dien haw. Dat wy barbecueë geregeld, wy drinke kofje, tee, selsmakke flearblommeranja of rabarberranja mei selsmakke taart as dat tuskentroch noch slagget. Ik fertel wat se allegearre yn ‘e buert dwaan kinne en ik gean de earste kear wolris mei nei de supermerk of nei loppisen. Soks fyn iksels ek prachtich om te dwaan.

Foto © SD

Jimme witte miskien noch wol dat ik oer loppisen skreaun haw. De rommelmerken oan hûs of fan ferieningen. As blinebegeliedster gean ik nei in hiel soad fan dy dingen ta en it is my op it lêst wolris dreech genôch as alles mei de hannen besjoen wurde moat. Ik kin fansels net sizze: “Sjen dochst mei de eagen.” Myn kliïnt sjocht mei de hannen en dat duorret bytiden wol efkes. Mar it is dochs ek wol wer aardich en sels fyn ik ek wolris wat. De lêste tiid haw ik in ferslaving… taartfoarmen. Ik haw my lang ynholden, mar doe’t ik ien kocht hie foar twa famkes dy’t hjir op besite wiene tocht ik: ik kin dochs ek wol in moaie foar mysels keapje… Ik haw no trije. De hikke is fan ‘e daam!

Wy ferhiere ek noch it tradisjonele reade húske fan de buorman. Ik hie it moandei krekt wer skjin. De jagers komme pas de fjirtjende en we hiene in ôfboeking, mar dan wie it mar klear. Ik soe krekt sitten gean om de kollum te skriuwen en dêr waard ik opbelle. Nederlânske misken dy’t yn Säffle wiene, in oerke hjirwei. Dy koene neat fine. Ik sei fansels dat se wol komme koene. En ik bin net sa dat se de kaai meikrije en harren sels mar rêde moatte. Ik gean efkes mei, freegje oft se noch tips hawwe wolle oer wat der yn de omkriten te dwaan is (dat stiet allegearre wol op it web, mar op de ien of oare manier freegje se it dochs hast allegearre) en oft der fierder noch wat is. De kollum waard neat mear.

Juster en hjoed haw ik ek wer fan alles by de ein hân. Wurkje as blinebegeliedster, besite útswaaie, derop út mei de oare besite, dy ek útswaaie en yn ’e hûs en de tún oan ’e gong. No de kollum skriuwe. De dagen wolle wol om en ik rolje jûns net al te let op bêd. En dan dream ik oer kersebeammen, beistrûken en grienten dy’t ik it oare jier plantsje wol, en oer taartfoarmen. Prachtige, kitscherige taartfoarmen, famkes mei fan gelok glânzjende eagen as se hearre dat se ien hâlde meie en ik dream oer de taarten dy’t ik deryn bakke sil.

Foto © SD

P.S. Hjoed kaam ik fan it wurk thús en doe hie der in kollega del west dy’t noch in foarm op in loppis fûn hie en him net lizze litte koe. Se hat him foar my kocht as kadootsje. Leaf hin?
Mar goed dat ik dochs al fan plan wie om ek blauwe blebberbeien te kweken.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

 

 

augustus 7, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.