Searje oer Greta Thunberg op telefyzje

augustus 19, 2021 08:47 Fernijd

Greta Thunberg is ien fan de ynfloedrykste stimmen op ’e wrâld – as sy sprekt, reagearje sels presidinten. Mar Greta wol net dat minsken nei har harkje, hja wol dat se nei de wittenskip harkje.

Greta Thunberg (foto: ©BBC)

De BBC-searje Greta Thunberg: A year to change the world, útbrocht yn 2021, folget Greta yn har ferlofjier fan skoalle. Dêryn begjint se oan in bysûndere reis dy’t har twa kear yn in sylboat oer de Atlantyske Oseaan fiert, dy’t har each yn each mei wrâldlieders bringt en dy’t har ta in ynspiraasjeboarne foar miljoenen minsken makket. It is in yntym ynsjoch efter de skermen fan Greta’s wrâld op har wei nei folwoeksenheid. Lykas sy har yn ’e rin fan it jier ûntwikkelet, ûntjout him ek it ferhaal fan wat der mei de ierde bart en wat wy dêroan dwaan kinne. Foaroansteande klimaatwittenskippers dy’t Greta op har wei moetet, fertelle oer de dramatyske feroaringen dy’t de ierde op it stuit ûndergiet.

Utstjoering: tongersdei 2, 9 en 16 septimber, 22.35 oere, NPO 2.

Greta Thunberg (foto: ©BBC)

augustus 19, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.