Puigdemont is ûnskeinberens wer kwyt

augustus 1, 2021 12:18
Carles Puigdemont (foto: Wikipedia)

De Katalaanske presidint yn ballingskip Carles Puigdemont is net langer ûnskeinber. Dy status, dy’t makket dat er net oppakt wurde kin, tanke er oan syn lidmaatskip fan it Europeesk Parlemint. Freed hat in rjochter fan de Europeeske Uny him dy ûnskeinberens ôfnommen.

Yn maart hie it Europeesk Parlemint de parlemintêre ûnskeinbere status fan Puigdemont al opheft, mar yn juny oardiele de rjochter dat dat net terjochte wie. Neffens it EU-Gerjocht hat it Europeesk Parlemint lykwols it rjocht om Puigdemont syn status ôf te nimmen, mei’t der gjin streekrjocht gefaar bestiet dat er útlevere wurdt oan Spanje. Dat lân wol him berjochtsje foar de rol dy’t er spile hat by it organisearjen fan it referindum oer Katalaanske ûnôfhinklikens yn 2017.

Puigdemont en syn twa ministers Toni Comin en Clara Ponsati hâlde yn België ta. De oerheid fan dat lân is net fan doel en leverje harren út oan Spanje. Mochten dêr wol konkrete plannen foar komme, dan kin Puigdemont-en-harren fannijs nei de rjochter ta stappe om har parlemintêre ûnskeinberens wer ynstelle te litten.

augustus 1, 2021 12:18
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jehannes Elzinga, Frjentsjer augustus 2, 23:10

    It is goed dat Puigdemont net útlevere wurdt troch België, mar it is my net dúdlik wat der bart as er België ferlit, bgl. nei Nederlân. Kin er dan wol oan Spanje útlevere wurde?

  2. Ronald Reuderink augustus 4, 16:33

    Beste Redaksje

    Jo artikel Puigdemont is ûnskeinberens wer kwyt is op himsels korrekt.
    Jo witte it wierskynlik al, mar gewoan om d’r wis te wêzen, sil ik wat kontekst stjoere oer Kataloanië.
    De “ynformaasje” fan ‘e EU is faaks min of sels falsk. Spitigernôch nimme nasjonale kranten lykas de NRC unchecked oer. Dat jildt ek foar it berjocht dat Spanje sa aardich is
    wie om Katalanen (lange termyn feroardiele yn striid mei de wet) earder frij te litten
    Foar dit, sis it tredde stik tekst op ‘e webside https://tpo.nl/2021/07/17/u-zond-in-weekendeditie-ik-dacht-dat-dit-het-eadres-was-van- toeristische-platform- oldebroek-tpo/
    In kunde stjoerde my fierdere ynformaasje. Under oaren dat Madrid yngreep yn ‘e Katalaanske regionale regearing wêrop it neffens de grûnwet net rjocht hie. De Spaanske rjochtbank is ek net ûnôfhinklik. It Heechgerjochtshôf is polityk beneamd en befolke mei eks-Franquisten as har bern. Se ferwiisde nei de webside http://www.vilaweb.cat dy’t ek in foar in part Ingelske ferzje hat. En: nacionaldigital.cat, elnacional.cat, ara.cat. Mei rju groetnis

    P.S. Myn kunde skreau in bytsje mear. Ik kin it nei jo stjoere as jo wolle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.