Pier Bergsma: Mei Ingelsk wrâldwiid terjochte

augustus 13, 2021 09:41

Kollum

Foto: Unsplash/Raychan

Sineesk is wrâldwiid de meast sprutsen taal. Lykas yn elke taal binne der dialekten yn it Sineesk. De regearing befoarderet Mandaryn, dat basearre is op it dialekt fan Beijing. Toeristen komme de offisjele taal tsjin yn restauranten, banken en winkels yn it hiele lân, mar yn plattelânsgebieten dominearje regionale talen.

Foar it skriuwen brûkt it Sineesk karakters dy’t oarspronklik basearre wiene op tekeningen. It teken foar de sinne wie in sirkel, de moanne waard tekene as in banaan, en it wurd foar berch like op in berch. Yn totaal binne der sawat 60.000 tekens, mar mei 3.000 tekens kin in Sinees 99 prosint fan deistige wurden skriuwe.

Sineesk is útsûnderlik lestich. It is in saneamde tonale taal mei fjouwer toanen en elke toan kin in wurd in oare betsjutting jaan. It is dêrom net frjemd dat yn de BBC-publikaasje How to learn a language dy taal de heechste skoare fan swierrichheden kriget.

Dat is yn tsjinstelling mei it Spaansk. Dy taal skoart op útspraak, grammatika, skriuwen en stavering, wurdskat en lêzen as relatyf maklik. Teminsten foar Ingelsktaligen, mar ik tink dat it ek fan tapassing is op minsken dy’t Nederlânsk of Frysk prate. Foar in part komt dat trochdat wurden út it Spaansk yn noardlike en west-Europeeske talen bedarre binne. Dan hawwe wy it oer wurden lykas capital, fruta, catedral, region, vino, café, norde, este, aeropuerto, centro en vacaciones. Spaansk wurdt sprutsen troch mar leafst trijehûndert miljoen minsken wrâldwiid. Neist Spanje yn grutte dielen fan Súd-Amearika, yn Meksiko en dielen fan ’e Feriene Steaten, lykas Kalifornië, Texas en Florida.

No’t in part fan Nederlân op fakânsje is yn it bûtenlân, witte fakânsjegongers mar al te goed hoe noflik oft it is om de taal fan it lân prate te kinnen. Wat guon advertinsjes jo wiismeitsje, immen dy’t him yn it bûtenlân begryplik meitsje wol, moat der op syn minst 120 oeren oan besteegje. Dat betsjut elke wike fiif oeren stúdzje en dat seis moannen lang. En dan hawwe wy it oer in begjin. Op syn minst trijehûndert oeren is nedich om in praatsje meitsje te kinnen. It hinget fan ‘e mooglikheden fan de persoan en de taal ôf hoefolle tiid oft der echt foar nedich is. Foar in taal dy’t op de memmetaal liket, is der minder nedich as foar talen dy’t der net op lykje. Dútsk is maklik foar Friezen lykas Italiaansk dat foar de Frânsen is. Arabysk is lestich foar sawol Frânsk- as Fryskpraters.

It is de muoite wurdich om in frjemde taal te learen, al wie it allinne mar foar de fakânsje. Mar it kostet grutte ynspanningen en in protte tiid om in oare taal werklik te behearskjen. Sineesk is net maklik foar ús, mar der binne natuertalinten lykas sjoernalist Ruben Terlou, dy’t nei net al te lange tiid, ek troch der te wenjen, it Sineesk ferstiet en praat. Doe’t wy in jier of tsien lyn in moanne troch Sina reizgje soene, haw ik in pear wike mei Sineesk oan ’e gong west, mar ik haw de moed sakje litten. It is ommers foar Sinezen folle makliker om ús talen lykas Ingelsk te learen, as oarsom. Dat hat te krijen mei dat ûnmooglike karakterskrift.

As men jin fersteanber meitsje wol yn sawol Madrid as Beijing is Ingelsk de bêste kar. Boppedat: sawat oardel miljard minsken kinne it begripe en prate. Dat is moai foar Nederlanners en Friezen dy’t mei dy taal aardich fertroud binne.

augustus 13, 2021 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.