Oprop: hingje manmachtich de Fryske flagge út by Benelux Tour

augustus 20, 2021 08:57

Op moandei 30 augustus wurdt de earste etappe fan de Benelux Tour (earder: Binck Bank Tour) yn de regio noardeast Fryslân fytst. De organisaasje ropt alle ynwenners en ûndernimmers oan de rûte en yn ’e buert dêrfan op om dy deis de (Fryske) flagge út te hingjen.

Boarne: Gemeente Noardeast-Fryslân

Mei dy oprop wol de organisaasje in feestlik strjitbyld kreëarje en de hurdfytsers yn ferwolkomje. De earste etappe start yn Surhústerfean en einiget yn Dokkum. Sjoch foar mear ynformaasje oer bygelyks de rûte op noardeast-fryslân/beneluxtour of beneluxtour.eu.

Boarne: Gemeente Noardeast-Fryslân

Benelux Tour
De Benelux Tour is de iennige meardeiske hurdfytswedstriid fan UCI WorldTour yn Nederlân en België. It ynternasjonale hurdfytsevenemint wurdt troch ferskate stjoerders streekrjocht op telefyzje útstjoerd.

Noch gjin Fryske flagge?
De Dokkumer Flaggesintrale (DVC) jout fanwegen de Benelux Tour oant 30 augustus koarting op de Fryske gevel- of mêstflagge (standert formaat). Bestelle kin fia de webside fan de DVC.

augustus 20, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.