Oersjoch koroanasifers Fryslân 23 oant en mei 30 july 2021
Resint ferskynd
It tal nije koroanabesmettingen is yn Fryslân in stik leger: 834 tsjin 1468 fan in wike earder. Mei dy 834 nije besmettingen komt it totaal 47.829 (fan de 492.905 meunsters dy’t ôfnommen binne).
Yn ’e wike fan dit oersjoch waarden sân koroanapasjinten yn in sikehûs opnommen en waard ien stjergefal oan de GGD trochjûn.
De gemeentlike besmettingssifers (tusken heakjes de wike dêrfoar)
Ljouwert 145 (264), Súdwest-Fryslân 140 (210), Waadhoeke 79 (69), De Fryske Marren 75 (161), It Hearrenfean 75 (153), Smellingerlân 54 (180), Opsterlân 49 (103), Achtkarspelen 41 (58), Tytsjerksteradiel 35 (51), Noardeast-Fryslân 32 (43), Eaststellingwerf 30 (60), Harns 27 (39), Weststellingwerf 26 (35), Skylge 10 (15), Dantumadiel 8 (14),It Amelân 4 (8), Flylân 4 (2) en Skiermûntseach 0 (3).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje