Nij satirysk programma oer floggend Nederlân

augustus 18, 2021 08:48

Wa wol der no net miljonêr wurde, suver en allinne troch it filmjen fan jins eigen libben? Hieltyd mear Nederlanners hoopje in bekende flogger of beynfloeder te wurden. Yn Vlogmania, it nije satiryske tv-programma mei kwinkslaggen wurde floggers folge op syk nei de gouden suksesformule. Mei û.o. Ilse Warringa, Ruben van der Meer, Alex Klaasen, Jandino Asporaat en Arjan Ederveen.

Sêne út ’Vlogmania’ (foto: Groen Brothers)

Sa sjogge we Michael en Jessica Kick (Ilse Warringa en Ruben van der Meer) dy’t op kosten fan harren bern alles dogge om de populêrste flogfamylje fan Nederlân te wurden. Ynbrekke yn it gorillaferbliuw fan de bistetún heart dêr fansels by. We sjogge ek besprekker Martin (Arjan Ederveen) in aaidoaze útpakken, wylst sjonger Tony (Alex Klaasen) in operaferzje fan it ferske ’Pokerface’ opnimt. Pjut Jason (Jandino Asporaat) flogt oer syn dei op it bernedeiferbliuw.

Vlogmania is in achtdielige searje mei kwinkslaggesketskes foar jong en âld, dêr’t floggend Nederlân in spegel yn foarholden kriget. Njonken de flogs sels kriget de sjogger ek de gelegenheid om it deistich libben fan de floggers te besjen. De searje is makke troch de Groen Brothers (David en Simon Groen), dy’t ek ferantwurdlik binne foar de Klokko reklameparodyen yn Het Klokhuis.

Utstjoering: Fan 29 augustus ôf sneins om 18.10 oere by de NTR op NPO 3.

augustus 18, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.