Nij Frysktalich ferskeprogramma fan Janneke Warringa yn Koarnjum

augustus 26, 2021 07:26

Sjongeres Janneke Warringa bringt in nij Frysktalich ferskeprogramma mei as tema en titel Ferlet.

Janneke Warringa (boarne: Bob de Boer)

De ferskes yn it programma fan Janneke Warringa gean allegear oer dat tema: hoop en langstme. Langstme nei datjinge dat wy yn de ôfrûne koroanatiid sa mist hawwe: oanreitsjen, ferbining, waarmte, treast. Mar ek ferlet oan wurk, kultuer en reizgjen. Wy wolle sa graach wer werom nei it fertroude ‘normaal’.

Ofbylding: Bob de Boer Produkties

Mei nij materiaal en ek besteande nûmers yn in nije Fryske oersetting. De teksten binne skreaun troch Baukje Wytsma, Tsjêbbe Hettinga, Jaap Duijs en Peter van der Zwaag. Janneke Warringa is by útstek in fertolker fan it sjanson en it lytskeunstliet. Hja fielt har tige ferbûn mei de muzyk fan bygelyks Jacques Brel en Edith Piaf, mar ek mei it repertoire fan Stef Bos, Bløf, De Dijk en Ramses Shaffy.

Warringa wurket sûnt koart nau gear mei pianist Peter van der Zwaag, dy’t bekend is as muzikaal begelieder fan ûnder oaren Willeke Alberti, Jenny Arean, Robert Long en Liesbeth List. Fierder wurdt se beselskippe en muzikaal stipe troch Elske Fekkes en selliste Andrea Meijer.

Datum: snein 5 septimber 2021
Lokaasje: Niklaastsjerke Koarnjum (De Wier 7 – 9056 PM)
Oanfang: 15.00 en 17.00 oere. De doar is in kertier fan tefoaren iepen.
Yntree: € 17,50 de persoan, fergees kofje/tee by oanfang ynbegrepen.

Allinnich tagong ta it evenemint nei oanmelding fia telefoannûmer 06 – 54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com. Graach oanjaan foar hokker tiidstip: 15.00 of 17.00 oere. In protte minsken hawwe har al oanmeld foar 15.00 oere. Annulearje is mooglik, mar dan wol trije dagen fan tefoaren, oars wurde de yntreekosten dochs noch yn rekken brocht.

augustus 26, 2021 07:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.