Nij boek mei Fryske ferhalen fan Ytsje Hettinga

augustus 27, 2021 08:41

Boarne: Utjouwerij DeRyp

Op 3 septimber ferskynt it nije Fryske boek fan de Koudumer skriuwster Ytsje Hettinga. Hiemhûn en oare ferhalen is in bondel mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes, fan beukerskoalle nei libbensein. Dêr tuskentroch komme we harren yn ferskate, soms werkenbere, situaasjes tsjin. Guon ferhalen binne anekdoatysk, oaren in miks fan fiksje en non-fiksje.

Ytsje Hettinga is berne by Dokkum (1946) en kaam, nei op in tal oare plakken wenne te hawwen, troch de leafde foar fêst telâne yn Koudum. Neist boerin wie, en is sy noch, aktyf op in breed kultureel mêd. Yn 2002 krige se in Rely Jorritsmapriis. Neist ferhalen en gedichten skriuwt Ytsje ek toaniel en set se stikken oer, yn haadsaak foar de teätergroep Sult, dêr’t se hast yn alle produksjes by op de planken stiet.

Mei har debútbondel Lange fingers en tichte skuon (2007) reizge Hettinga tal fan ferieningen en organisaasjes ôf om derút foar te lêzen. Tuskentroch publisearre se yn ferskate sammelbondels foar proaza en gedichten. Ut en troch krige se prizen foar har ferhalen. Guon fan dy ferhalen binne opnommen yn dizze nije bondel. Hiemhûn wurdt op 3 septimber yn lytse rûnte presintearre en is dêrnei te krijen yn Fryske boekhannels en fia de webside fan Utjouwerij DeRyp.

augustus 27, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.