Net twa, mar trije koroanaspuitsjes
Resint ferskynd

De ynwenners fan ferskate lannen krije ynstee fan twa, trije spuiten om harren te faksinearjen foar de koroanasykte. Israel en it Feriene Keninkryk hawwe fan ‘t wykein te witten dien dat elk dy’t dêr ferlet fan hat, in tredde prip helje kin.
Mei ien prip fan Janssen of mei twa fan Pfizer, Moderna of Astra-Zeneca is men no folslein faksinearre, mar yn ‘e rin fan ‘e tiid wurdt de wurking fan de faksinaasje minder. Boppedat beskermje de prippen minder goed tsjin nije mutaasjes fan it koroanafirus. Fabrikant Pfizer hat okkerdeis al oanrekommandearre om trije prippen te jaan.
Yn Israel giet de pripperij dizze wike al út ein. Yn it FK kin men yn septimber de tredde prip helje. Oft Nederlân it foarbyld folget, is noch net bekend.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje