Dûbele kâns dat net-faksinearre minsken troch deltafariant yn sikehûs bedarje

augustus 29, 2021 08:43

Troch de deltafariant fan it koroanafirus hawwe minsken dy’t net faksinearre binne dûbeld safolle kâns om yn it sikehûs opnommen te wurden. Dat skriuwe wittenskippers út Cambridge yn fakblêd The Lancet Infectious Diseases nei analyze fan 40.000 koroanabesmettingen yn Grut-Brittannië tusken 29 maart en 23 maaie.

Foto: pixabay.com

Earder wie al bekend wurden dat de deltafariant oant fyftich persint besmetliker is as de oare farianten. De ûndersikers sizze mei klam dat faksinaasje de bêste manier is om de slimste symptomen fan de sykte foar te kommen. Freed berjochte it RIVM dat faksins poerbêst tsjin slimme sykte troch de deltafariant beskermje.

Minsken dy’t langer as twa wike lyn folslein faksinearre binne, binne der neffens de gegevens fan it RIVM foar 95 persint foar beskerme dat se yn it sikehûs opnommen wurde moatte en foar 97 persint dat se net op de yntinsive soarch ferpleegd wurde moatte. Dat makket harren kâns om yn it sikehûs telâne te kommen tweintich kear lytser as foar in net-faksinearre persoan. It risiko om op de yntinsive soarch te kommen is sels 33 kear lytser.

Tusken begjin april 2021 en de tredde wike fan augustus rekken yn Nederlân goed 15.000 koroanapasjinten nei it sikehûs. In lyts part fan harren wie al langer as twa wike folslein faksinearre. De oergrutte mearderheid fan de pasjinten wie hielendal net faksinearre. Dat leit foar in grut part oan it feit dat yn it begjin fan dy rite de faksinaasjegraad noch leech wie.

Yn 4,6 persint fan de gefallen wie de pasjint al langer as twa wike folslein faksinearre op it momint fan  syn earste syktedei. 88 persint (hast 13.000 minsken) wie net faksinearre. Yn de oare gefallen gie it om minsken dy’t inkeld in earste prip fan Pfizer, Moderna of AstraZeneca hân hiene, ofwol om minsken fan wa’t de twadde prip koarter as twa wike dêrfoar set wie.

augustus 29, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Martinus augustus 29, 17:31

    Dit is weris sa’n medisk flut ûndersyk. Measte mediske ûndersyken dooge net. De wittenskippen mei de measte flaters wat ûndersyken oangean binne: 1. Medisinen, 2. Psychology, 3. Economy.
    Ek dit ûndersyk lêz ik gjin begjingetallen, begelyks hoe grut de groep is wer dy 13.000 út helle is. Hoe grut wie de groep fan dûbel faksinearden.
    Myn grutste beswier tsjin in protte witteskippen is dat sy gjin paradigma hawwe, en as se wol in paradigma hawwe wurdt der net oan toetse, en as lêste moat bekind wêze wa de paradigmabewaker is. Wittenskiplik doogt it wol, der it wurd wittenskiplik betsjuttet: liket op wittenskip. It is wol gjin wittenskip, dochs it liket der wol op. Wûnderlik. It liket op in wûnder, it is it net, it liket der op.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.