NASA siket dielnimmers foar Marssimulaasje

augustus 9, 2021 08:51 Fernijd

Romtefeartorganisaasje NASA siket minsken dy’t in jier lang meidwaan wolle oan in simulearre Marsmissy. Dy set yn ’e hjerst fan takom jier útein yn in basis dy’t mei in 3D-printer fabrisearre is yn Houston.

Ympresje fan in basis op Mars (byld: ICON)

Mei de missy wol NASA bestudearje hoe’t astronauten har hâlde en drage by in simulaasje foar langere tiid. De kommende jierren sille astronauten yn it Artemis-programma lange missys nei de moanne meitsje. Letter wurdt dat mooglik folge troch Marsmissys. Der komme oant 2026 yn totaal trije Analog-missys yn it ûnderkommen, dat Mars Dune Alpha hjit. Eltse kear dogge fjouwer minsken mei oan de simulaasje yn de basis, dy’t sa’n 157 kante meter grut is.

Yn de beheinde romte hawwe de bewenners aanst te krijen mei ferskate útdagingen, lykas apparatuer dy’t net wurket, fertrage kommunikaasje en tekoarten. De dielnimmers sille ek simulearre romtekuiertochten meitsje en wittenskiplik ûndersyk dwaan. Mei de resultaten wol NASA metoaden en technologyen ûntwikkeljen dêr’t problemen by Moanne- en Marsmisjes mei foarkommen of oplost wurde kinne.

Net elkenien komt foar de simulaasjemissys yn ’e beneaming. NASA siket inkeld net-smokende Amerikanen tusken de 30 en 55 jier mei in ôfmakke bêta-stúdzje of op syn minst 2000 fleanoeren as piloat. Kandidaten mei in medyske stúdzje en testpiloaten meitsje ek in kâns.

It is net foar it earst dat in groep frijwilligers him foar langere tiid ôfsûnderet yn in neiboude Marsbasis op ierde. Sa binne der geregeld simulaasjes yn de HI-SEAS-habitat op Hawaï. Yn 2010 lieten seis minsken har 520 dagen lang yn in isolearre kompleks yn Moskou opslute, foar de Mars-500-missy. NASA is ek behelle by in nije stúdzje nei de effekten fan isolaasje foar langere tiid yn Ruslân.

Besjoch in filmke fan NASA:

augustus 9, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.