Nanny de neakenslak (gedicht)
Resint ferskynd
Nanny de neakenslak
hat net folle om it liif.
Eins neat,
want se is hielendal bleat.
Gewoanwei,
hat se der gjin muoite mei,
en fielt se har bliid en frij.
By moai waar is it oars.
Dan wol se nei it strân
mei in sinnebril op ’e noas.
It bleatstrân,
dêr fynt se neat oan.
In bril falt dêr út de toan.
Mar op it ‘gewoane’ strân,
is allinne in sinnebril,
ek ‘not done’.
Dêrom hat se no in bikiny kocht,
sadat men har op it ‘gewoane’ strân
net mear raar oansjocht.
Folkje Koster
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje