Muorreskilderingen út Earste Wrâldoarloch ûntdutsen yn Bakhuzen
Resint ferskynd
Yn Bakhuzen binne bysûndere muorreskilderingen fûn. Dy binne makke troch Belgyske militêren by harren twongen ferbliuw yn Bakhuzen yn de Earste Wrâldoarloch.
De muorreskilderingen binne resent ûntdutsen oan ’e hân fan in kranteberjocht út 1915. Yn it berjocht stie dat de skilderingen yn 1915 yn Kafee Bleeker oanbrocht binne. Doe’t it gebou koartlyn fan eigner wiksele, tocht Henk de Kroon fan it Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân (HWG) wer oan it artikel út 1915 dat him taspile wie troch Earste Wrâldoarlochkenner Kees Bangma. Yn it gebou is tige hoeden laach foar laach it behang fan de muorre ôfhelle. Ta grutte ferrassing fan elkenien binne der fjouwer skilderingen oantroffen.
Op de Iepen Monumintedagen 11 en 12 septimber kinne belangstellenden de skilderingen besjen. It is net wis oft se yn ’e takomst ek sichtber wêze sille. De fynst slút naadleas oan by it tema fan de Iepen Monumintedagen 2021: ‘ynklúzje’. De lanlike organisaasje hantearret dêrby it biedwurd ‘Myn monumint is dyn monumint’, in frije oersetting fan ‘Mi casa es su casa’, dêr’t gastfrijheid en iepenheid by sintraal stean. En as de fynst yn Bakhuzen eat symbolisearret dan is it wol de gastfrijheid dy’t de Belgen yn de Earste Wrâldoarloch yn Gaasterlân krigen.
Yn ’e Earste Wrâldoarloch wie Nederlân neutraal. Dat betsjutte dat alle bûtenlânske militêren dy’t op Nederlânsk grûngebiet kamen, opsletten wurde moasten. Yn Gaasterlân wie in ynternearringskamp dêr’t in jiermannich goed 2.200 Belgyske militêren op ferskate lokaasjes taholden. Yn ’e rite fan oktober 1914 oant desimber 1915 binne likernôch seishûndert Belgen yn Bakhuzen ûnderbrocht. In part ferbleau yn it âlde Roomske tsjerkegebou, dat yn 1914 op ’e nominaasje stie om sloopt te wurden. Oaren wiene by partikulieren en yn boereskuorren yn en om it doarp. Nei alle gedachten hat in stikmannich Belgyske ofsieren ûnderdak fûn yn lôzjemint fan Bleeker, dêr’t de muorreskilderingen yn fûn binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje