Mummys fan Wiuwert yn telefyzjeprogramma op NPO1

augustus 13, 2021 08:47 Fernijd

De bysûndere iuwenâlde mummys fan de aadlike grêfkeamer yn Wiuwert komme sneon 28 augustus nei foaren by it EO-telefyzjeprogramma fan presintatrise Aldith Hunkar op NPO1.

Aldith Hunkar (foto: EO)

It programma mei de titel Firma Erfgoed begjint om 19.15 oere. Yn de ôflevering mei de Fryske mummys – dy’t sûnt 1609 yn ’e aadlike grêfkelder fan de famylje Walta byset binne – siket de presintatrise nei woartels fan it Nederlânsk protestantisme yn Dútslân (Emden), Fryslân en Grinslân.

Flechte fia Dútslân nei Wiuwert
In stikmannich fan de Fryske mummys wiene nammentlik fan folgelingen fan de protestantske sekte/groepearring Labadisten, oftewol folgelingen fan Jean de Labadie. Hja moasten flechtsje om harren beliden fan it leauwe en úteinlik kamen se út Seelân, Amsterdam en Dútslân op Walta State yn Wiuwert telâne. Nederlanners hawwe ek ea flechtsje moatten fanwege harren leauwe. Yn it Dútske Emden – dêr’t de woartels fan it Nederlânsk protestantisme lizze – wurdt yn oktober fierd dat it 450 jier lyn is dat de Synoade fan Emden gearkaam.

Aldith Hunkar reizget troch it hege noarden dat neffens it EO-telefyzjeprogramma de kealens fan it oerprotestantisme azemet. Mar alles wat liket, is net wier. Hja fynt in protestantsk prealgrêf mei Italiaanske alluere en giet ek op besite by de Molukske mienskip dy’t santich jier lyn nei Appingedam kaam en dêr syn earste tsjerke stifte. Kulturele en religieuze útwikseling blykt fan alle tiden.

Sneon 28 augustus 2021 op NPO1 fan 19.15 oere ôf: Firma Erfgoed.

augustus 13, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.