Moaie útstalling by Dekemastate yn Jelsum

augustus 30, 2021 07:37

Foto © MV

Oant 5 septimber binne yn de prachtige tunen fan Dekemastate yn Jelsum sa’n fjirtjin bylden fan Marco Godenbeld te sjen. De byldhouwer út Sint-Jabik wurket benammen earst mei karton en waaks om sadwaande foarmen te krijen en dêrnei úteinlik symmetryske figueren te meitsjen, bygelyks fan metaal. Hy stiet derom bekend dat er foaral wurket mei trijehoeksfoarmen dy’t resultearje yn wurken as ‘de Balâns’ en ‘Tearde Trijehoek’.

De bylden, fan kortenstiel, aluminium en moarmer, steane ferspraat oer it terrein fan de state middenmank de greide, it boskpaad en de mei soarch oanleine tunen om de state hinne.

Goldenbeld (www.marcogoldenbeld.nl) syn âlden wiene beide byldhouwer. Sels hat er syn oplieding oan de Rietveldakademy yn Amsterdam hân.

No’t it noch krekt kin is it fansels de muoite wurdich om de tún en de eksposysje dizze wike (tiisdei o/m freed fan 9.00 oant 17.00 oere, sneon en snein fan 10.30 oant 17.00 oere) te besjen.

De state sels en it museum binne fan 13.15- 17.00 oere te besykjen. Dat is allinne mooglik op ôfspraak (Dekema State). De state, dy’t yn 1486 al neamd waard, is sawol oan de bûtenkant (mei de brêge) as fan binnen in juwieltsje om te sjen en tige nijgjirrich.

Foto © MV

Koartsein, in nijsgjirrige presintaasje fan bylden op in bjusterbaarlik moai plakje dêr yn Jelsum.

Matthijs Verkuijl

augustus 30, 2021 07:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.