Mear laadpunten elektryske auto’s yn Fryslân

augustus 30, 2021 07:00

Ferline wike tekene deputearre Avine Fokkens-Kelder út namme fan provinsje Fryslân de gearwurkingsoerienkomst mei Fryske gemeenten foar it útwreidzjen fan it elektrysk laadnetwurk foar persoane-auto’s yn de iepenbiere romte. It is in wichtige stap nei in folslein dekkend laadnetwurk.

It doel is om foar ein 2023 sânhûndert publike laadpeallen ta te foegjen oan it besteande laadnetwurk yn Fryslân. Gewoanlik hat sa’n laadpeal twa laadpunten. In folslein netwurk fan iepenbiere laadpunten soarget derfoar dat elektrysk riden foar elkenien mooglik wurdt. Fierwei de measte laadpeallen yn Fryslân binne privee eigendom.

Fryske gemeenten machtigje de provinsje om de oanbesteging te organisearjen, troch de gearwurkingsoerienkomst te ûndertekenjen. De oanbestegingsproseduere rint al en ferwachte wurdt dat begjin novimber bekend is hokker bedriuw de laadpeallen leveret en pleatst.

De gearwurkingsoerienkomst is ûnderdiel fan de Nationale Agenda Laadinfrastructuur (NAL), dy’t ûnderdiel fan it Klimaatakkoart is. Dêr stiet yn dat yn 2030 alle nije auto’s emisjeleas wêze moatte. Dat betsjut dat der 1,9 miljoen elektryske persoane-auto’s op ’e dyk komme. Om dy lade te kinnen, binne der likernôch 1,7 miljoen laadpunten nedich. Yn Fryslân binne der tsjin dy tiid nei ferwachting sa’n 70.00 laadpunten. Fierwei it grutste part dêrfan is privee eigendom. De ôfspraken dy’t yn de NAL fêstlein binne moatte yn it laadferlet fan al dy ferfiermiddels foarsjen.

augustus 30, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.