Marten Walinga wint twadde spul fan ’e twakamp om de wrâldtitel ek

augustus 13, 2021 08:20

Harns, 12 augustus 2021

Mei in bjusterbaarlike slachset wûn Marten Walinga ta elks benijing de twadde partij. Hiel lang waard der hoeden spile, mei justjes foardiel foar wyt. Krekt as juster die Marten (no mei swart) in saneamde Jehova-set. Feitliken koe dy net, mar Folkert gobbere sels op in setsje en die de ferkearde en doe wie it út. De beide kommentatoaren, Jouke Algra en Hans Jansen sochten nammers ek wakker om kombinaasjes foar wyt (Folkert), doe’t bliken die dat swart al op daam stie en de winst opstrike koe.

Yn ’e twakamp is it no 2-0, mei noch njoggen spullen te gean. De ôfrin fan ’e partij foel Folkert fansels ôf, mar hy bleau lykmoedich en analysearre nei de tiid mei syn tsjinstanner it ferrin fan ’e striid. Under de analyze waarden der noch ferskate mooglike kombinaasjemooglikheden foar beide kanten bylâns rûn. De stân nûge dêr ek tige ta út.

Yn it Frysk Damjen is in efterstân fan 2-0 noch net de ein fan it liet, omdat it hast net mooglik is om kamp ôf te twingen. Mar dan moat Folkert Groenveld fansels al in kear in spul winne.

Alle spullen binne live te folgjen, mei geduerich analyze en kommentaar fan grutmasters: www.frisiandraughs.com -> LIVE

Foar eardere spullen en analyze: www.frisiandraughts.com -> News -> Games and Analysis

Foto: Stifting WFD

augustus 13, 2021 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.