Marten Walinga opnij wrâldkampioen

augustus 20, 2021 08:44

It spul is út, de twakamp giet fierder

Harns, freed 19 augustus 2021

Mei oermacht hat Marten Walinga de twakamp om de wrâldtitel Frysk Damjen 2021 wûn fan Folkert Groenveld. Nei in oertsjûgjende oerwinning yn ’e achtste omloop is de stân no 6½-1½. Mei noch trije wedstriden te gean kin Groenveld Walinga dus net mear foarbykomme. Yn ’e achtste omloop waard dat al rillegau dúdlik: Groenveld kaam fuort nei de iepening hieltiten minder te stean.

Foto: Stifting WFD

Foar de tiid wiene spilers en saakkundigen der eins fan útgien dat de kânsen inoar net folle ûntrûnen. Mar dat kaam oars út. Marten Walinga wie yn alle spullen in klasse better as syn tsjinstanner, en dat komt trochdat Walinga mear aspekten fan it spul yn ’e fingers hat. Ek as er der minder op stie, slagge it him om winst te heljen. Inkeld yn ’e iepening koe Folkert Groenveld in pear kear better op it boerd komme. Hy is ek better yn ’e iepening thús. Mar sa’t it sprekwurd seit: Efter yn ’e fûke fangt men de fisk: it einspul komt it op oan. En dêr is Walinga no ien kear betûfter yn.

Foar de twakamp joech Marten Walinga oan dat syn tsjinstanner mear fan ’e iepening wit as hy. Dat is it foardiel fan Folkert Groenveld. Walinga wykt it leafste sa gau mooglik fan ’e teory ôf. “Ik rekkenje graach djip en kreatyf.” Groenveld oer Walinga: “Wy hâlde beide net fan in ferdigenjend spul. Dan rêde jo it net. Men moat sa út en troch in kânske weagje om te winnen. Mar neffens my nimt Marten wol ris wat te folle risiko.” Beide spilers binne learlingen fan Hiele Walinga, yndied: de heit fan. Frysk damjen sitte se beide fol fan. Walinga is ûndernimmer, Groenveld is learaar yn it deistich libben.

Yn ’e twakamp woe it mar net spannend wurde. Nei it dramatyske begjin foar Folkert Groenveld, doe’t er mar leafst mei 4-0 efter kaam te stean, like it noch as koe er by de wâl op klauwe. Yn it fyfde en sechsde spul liet Walinga it justjes sitte. Hy spile net op it nivo dat wy yn dizze twakamp fan him wend wiene. It wie bygelyks grutte klasse hoe’t er it earste spul, dêr’t er minder yn út de iepening wei kaam, om wist te bûgen. Mar it sechsde spul wie it as skuorde er de kop der wer by. Neffens mannichfâldich Frysk kampioen Jelle Wiersma koe Groenvled ‘with two fingers in his nose’ noch wol winne. Hy hie in hout mear yn in tinne stân. Mar it briek him by de hannen omt ôf. Walinga liet opnij sjen, hoe pragmatysk en linich oft er spylje kin: in echte twakampspiler. Of is Groenveld faaks te guodlik? Yn in twakamp kin dat net lije …
In twakamp yn it Frysk damjen is nij, dat dit wie foar beide manlju de earste kear. Mar in twakamp Frysk Damjen is net te ferlykjen mei in twakamp yn in oare tinksport: kamp komt kwealik foar. Sadwaande kinne en moatte de spilers mear risiko nimme. It idee fan Groenveld om tweintich spullen yn ’e twakamp te spyljen klinkt dan ek oantreklik, al soe er yn dit gefal wol kâns rinne om noch slimmer neisjoen te wurden. Mar oan ’e oare kant, dan hie er himsels der miskien ek wer by skuord. Hoe dan ek, in twakamp freget in hiel oare tarieding as in toernoai.

In protte nijs is der noch net út kommen. Marten Walinga hat twa kear in offer tapast dat in spannend spul op it boerd brocht. Allinnich dêroan sjocht men al it grutte ûnderskied mei it oerhoekske spul en de oerienkomst mei it skaken.

Folkert Groenveld hie him terjochte pleatst. Doe’t it derop oankaam, lieten oare sterke spilers lykas Jelle Wiersma en Alexander Georgiev út Ruslân it ôfwitte. Mar sokken wiene faaks wol bettere matchspilers. Georgiev hat dat yn it oerhoekske spul al in pear kear sjen litten. Groenveld en Walinga binne beide grutte ambassadeurs fan it Fryske spul. Beide hawwe se harren fertsjinst op it mêd fan teory en organisaasje. Yn dy sin komt it harren beide ta dat se de earste twakamp spile hawwe. Mar it ûnderskied yn oplieding is wol grut. Walinga begûn doe’t er fjouwer jier wie, Groenveld wie al tritich!. Yn alle sporten jildt: dan is it jongste derôf as jo de top helje wolle. Dat Groenveld dat opret hat, is dan ek tige de muoite wurdich. Dat soe it yn alle sporten wêze. It lit mar wer sjen dat men yn alle sporten de top wol helje kin, as men der mar tiid yn stekt. Al moat der fansels wol talint by. Groenveld wurdt dit jier sechstich en hat omtrint tritich jier yn it spul stutsen. Yn it oerhoekske spul is Alexander Shvartsman wrâldkampioen mei 54 jier. Dêrmei is er de âldste wrâldkampioen yn dy tûke fan sport. Mar Walinga is ek 54, en dus in útsûndering. Yn it Fryske spul steane de jonge spilers al foar de doar: Kanstantsin Nord út Minsk, en it trettjinjierrige jeugdtalint Zhuoyuan Du út Sina. En dan hoege we Alexander Georgiev en Jelle Wiersma ek net út te poetsen.

Der binne acht spullen dien, mar de lêste trije moatte ek noch strutsen wurde yn it fraaie histoaryske stedhûs fan Harns. Der kin dan frijút spile wurde, dat wa wit krije wy moaie demonstraasjepartijen foar de leafhawwer, te folgjen op Twitch, Toernooibase en Lidraughts. De priisútrikking is sneintemiddei om 14.00 oere of justjes letter troch frou Ina Sjerps, boargemaster fan Harns.

augustus 20, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.