Lotting PC bekend

augustus 2, 2021 20:56

De sechstjin bêste partoeren fan it seizoen stride woansdei tsjininoar yn de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Moandeitejûn is dúdlik wurden wa’t der tsjin wa spylje moat. Op It Sjûkelân wie de lotting foar de 168e PC. Dy is hjirboppe te sjen.

Der is dit jier gjin keats-off, om te bepalen wa’t de lêsten binne dy’t meidwaan meie oan dizze wedstriid. De organisaasje fan de PC hat de sechstjin partoeren útnûge dy’t dit seizoen de measte punten helle hawwe. Gewoanwei binne der acht wedstriden dy’t meitelle foar de kwalifikaasje, mar der hawwe dit jier noch mar sân frijeformaasjewedstriden west. Dêrom binne de dielnimmers no bepaald oan ’e hân fan sân wedstriden.

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 2, 2021 20:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.