Lêzing troch fotograaf Mischa Keijser yn Museum Belvédère

augustus 12, 2021 09:07

De Nederlânske keunstner Mischa Keijser (1974) ûndersiket mei fotografy de faak skuorjende ferhâlding tusken minske en natuer. Yn ferstille nachtfoto’s toant er wat der te sjen is as it tsjuster wurdt. Syn eksposysje yn Museum Belvédère is oant en mei 26 septimber te besytsjen. Op moandei 30 augustus jout de keunstner in lêzing oer syn wurk.

Wurk fan Mischa Keijser (boarne: Museum Belvédère)

In omfangrike searje nachtfoto’s – dêr’t Keijser hieltyd oan wurket – hjit Protoporphyria, wat ferwiist nei in heimsinnige sykte dy’t derfoar soarget dat minsken gjin deiljocht ferneare kinne. Hy begûn yn 2017 oan de rige.

Wurk fan Mischa Keijser (boarne: Museum Belvédère)

Yn de ôfrûne jierren makke de keunstner nachtfoto’s yn it noarden fan Nederlân en spesifiker noch, yn ’e omkriten fan Museum Belvédère. Koartlyn ferskynde in ryk yllustrearre katalogus oer dy rige, mei in tekst fan Rebecca Nelemans.

De keunstner jout yn de museumseal in taljochting op syn wurk yn it algemien en de searje Protoporphyria yn it bysûnder. Foarpriuwkes dêrop binne it fraachpetear mei Mischa Keijser (klik hjir) en it artikel yn de Volkskrant (klik hjir) dêr’t sjoernalist Stefan Kuiper yn ferhellet hoe’t er mei de fotograaf op nachtreportaazje gie, mei stevige skuon oan en in mynwurkerslampe op…

Programma:
13.00 oere                   ynrin, ûntfangst mei kofje en wat lekkers
13.30 – 15.00 oere       lêzing
15.00 – 15.30 oere       gelegenheid ta fragen en/of diskusje;
ek gelegenheid om de eksposysje te besjen
15.30 oere                   hapke en snapke yn it museumkafee
16.00 oere                   ein

Kosten: € 22,50  |  € 19,50  (foar Freonen fan Museum Belvédère).

Oanmelde foar de lêzing.

augustus 12, 2021 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.