Lêste dei WK Frysk damjen

augustus 23, 2021 08:50

Harns, 22 augustus 2021

Folkert Groenveld wint lêste spul ek

Marten Walinga kriget de krâns fan boargemaster Ina Sjerps (foto: Stifting WFD)

Mei in oerwinning yn it lêste spul fan ’e WK-twakamp Walinga-Groenveld hat Groenveld dochs noch in kreaze skoare foar himsels delsetten. Op ’e 15de set die Walinga, dy’t al in hout foar jûn hie, in tige swakke set, yn ’e hope dat er Groenveld mei in kombinaasje te fiter hawwe koe. Mar dy trape der net yn, en naam Walinga foargoed yn ’e skjirre. Hy konsolidearre syn foardiel op ’e 20ste set mei in kombinaasje, en wûn noch in twadde hout op ’e 28ste set. In pear setten letter joech Walinga belies.

De útslach is dus 7½-3½. Hie it in twakamp oer 20 partijen west, sa’t Groenveld in kear útsteld hat, dan hiene syn kânsen as ’t treft grutter west. No lange frou Ina Sjerps, boargemaster fan Harns, de fraaie sulveren kampioensskaal mei de tradisjonele Fryske earekrânse oer oan Walinga. Hja rôp Harns dêrby ta wrâldhaadstêd fan it Frysk Damjen út.

Beide spilers hawwe har poerbêste ambassadeurs toand fan it Fryske spul. Hja hawwe sjen litten, hoe moai, kompleks en djipsinnich oft it spul is. Boppedat wie der yn ’e hiele twakamp mar ien remize. Nei ôfrin ferklearre Jean Marc Ndjofang út Kameroen, bestjoerslid fan it Wrâlddambûn FMJD, dat er foar it Fryske Damjen in grutte takomst seach.

Frederik Bos (foto: Stifting WFD)

Jelle Wiersma (foto: Stifting WFD)

Jelle Wiersma en Frederik Bos winne ynternettoernoaien
It online toernoai FRYSK! is wûn troch Jelle Wiersma. Hy wûn snein trije kear fan syn tsjinstanner Ilfat Karimov út Tyumen (Ruslân). Dêrnjonken spilen se trije kear kamp. Alles mei-inoar duorre de krêftmjitting 45 minuten. Frederik Bos wûn de finale Frysk Damjen op it folle boerd fan de 13-jierrige Sineeske spiler Zhuoyuan Du út Sjanghai mei 3-1. De winners fan beide finalen pleatse har foar it earstfolgjende ynternasjonale toernoai, dat nei alle gedachten begjin 2022 yn Frjentsjer spile wurde sil.

augustus 23, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.