Woltiersubsydzjes

augustus 30, 2021 10:42

Seedyk by Ferwert: Timpel fan Ids Wiersma. Foto © Prov. Fryslân

Goede ideeën om de woltier yn eigen wenplak te ferbetterjen kinne foar in provinsjaal subsydzje yn ’e beneaming komme. Fan 6 septimber 2021 ôf kin dy oanfrege wurde by Streekwurk. Dat orgaan koördinearret subsydzjeregelingen dy’t inisjativen út ’e mienskip stypje. Dizze kear komt dêr foar ’t earst ek subsydzje út it Regiofûns by. Dat nije fûns is ûnderdiel fan de Regio Deal Súdeast-Fryslân. Der is yn dizze omgong foar hiel Fryslân omtrint 3.5 miljoen euro beskikber. 

Regiofûns Súdeast
Yn de Regiodeal Súdeast-Fryslân is in ryksbydrage fan 900.000 euro beskikber steld foar it Regiofûns. Ynwenners fan de gemeenten It Hearrenfean, East- en Weststellingwerf, Opsterlân en Smellingerlân kinne by it Regiofûns in oanfraach yntsjinje foar finansjele stipe fan op syn minst 3.000 en op syn meast 50.000 euro. It doel is om gruttere inisjativen dy’t it berik fan it doarp of de gemeente te boppe geane, mooglik te meitsjen. It projekt stimulearret dêrmei selsredsumens, oparbeidzjen en woltier yn Súdeast-Fryslân. It fûns heakket oan by de wize fan wurkjen fan it rinnende Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân en is in oanfolling op de doarpefûnsen fan de gemeenten.

Fan ûnderen op
In wichtich útgongspunt is dat ynwenners sels útmeitsje wat oft foar de woltier yn harren gebiet fan belang is en dat se de projekten sels opsette. It doel is om by te dragen oan lokale ynnovaasje, de woltier te befoarderjen en de wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft te stimulearjen.

Oanmetten subsydzjeregelingen
Foar inisjativen yn hiel Fryslân is subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) beskikber. Yn de regio’s Noardeast en Noardwest is dêrnjonken subsydzje út de Europeeske regeling LEADER beskikber en it Regiofûns jildt dus foar projekten yn Súdeast-Fryslân. Op 6 septimber wurde alle regelingen iepensteld. Oanfragen foar it Iepen Mienskipsfûns en it Regiofûns moatte op syn lêst 30 septimber ynkommen wêze, foar LEADER kin oanfrege wurde o/m 14 oktober.

Streekwurk
Yn Streekwurk wurdt mei-inoar oparbeide troch provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en de Fryske gemeenten. By de fiif projektburo’s, ferspraat oer de provinsje, kinne inisjatyfnimmers terjochte foar ynformaasje, stipe en antwurden op harren fragen. Mear ynformaasje is te finen op www.streekwurk.frl.

augustus 30, 2021 10:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.