Koroana wreidet yn Nederlân amper mear

augustus 3, 2021 12:51

It koroanafirus ferspraat him sûnt mids july in stik stadiger ûnder de minsken as yn it ôfrûne jier. It saneamde R-getal is 0,7. Dat wol sizze dat as tsien minsken it firus skypje, se it trochjouwe oan sân oaren. Dêrtroch nimt it tal minsken mei koroana hurd ôf.

Sûnt 1 juny 2020 hat it R-getal net mear sa leech west. De delgong is ek tige hurd: in wikemennich tebek wie it R-getal noch 3. Doe stieken tsien minsken tritich oaren oan en gie it pasjintetal rap omheech. Dat wie yn de tiid dat de jeugd mei in ûnfolsleine faksinaasje en yn gâns gefallen ek mei in falsk ynintingsbewiis te bier gie.

augustus 3, 2021 12:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.