Keunst nei bûten

augustus 25, 2021 08:55

Boarne: Museum Belvédère

Healwei de Wâldsterwei by It Hearrenfean stiet sûnt koart in bankje. Wa’t dêrop sit, hat men it útsjoch dat de skilder Jan Mankes (1889-1920) hie doe’t er yn 1913 sketsen makke foar wat it skilderij ‘Landschap met kleihoop’ wurde soe.

Mankes wenne fan 1909 oant 1915 mei syn âlden yn ’e Knipe, foar de hjoeddeiske Wâldsterwei oer, dy’t nei Oranjewâld laat. Dêr’t no Museum Belvédère stiet, kuiere Jan Mankes geregeld om it lânskip en alle fûgels en bisten te bestudearjen.

De sitbank is ûnderdiel fan it projekt Keunst nei Bûten dêr’t keunstwurken út Fryske kolleksjes mei tagonklik makke wurde. Fia in QR-koade komt men derefter nei waans útsjoch men sjocht en kriget men ynformaasje oer de oanbelangjende keunstner en syn wurk.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Wurk fan Jan Mankes (boarne: Museum Belvédère)

augustus 25, 2021 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.