Kaartferkeap Grinzer Museumnacht 2021 úteinset

augustus 26, 2021 08:11

De jubileumedysje fan de Grinzer Museumnacht 2021 op sneon 11 septimber biedt moaie útfieringen, keunst, muzyk, wurkateliers en folle mear. Krekt as ferline jier is it in limitearre edysje, dus belangstellenden moatte der fluch by wêze. As museumnachtbesiker kin men sels jins programma gearstalle troch by elts museum in tiidslot te reservearjen mei in startmomint. Kaarten binne fan no ôf te keap fia groningermuseumnacht.nl.

Grinzer Museumnacht (foto: Stella Dekker)

Krekt as yn 2020 is der diskear fanwege de koroanamaatregels net ien passe-partout, mar bestelle besikers foar elts museum apart in kaartsje mei in starttiid. Hja kinne sa har persoanlike Museumnacht plenne. De musea binne op 11 septimber iepen fan 19.00 oere oant midsnacht. Kaarten à € 2,50 it museum binne te keap fia de webside. De dielnimmende musea pakke ekstra feestlik út fanwege it fiifjierrich jubileum.

Yn it Noordelijk Scheepvaartmuseum presintearret Stukafest The Lost Night Collective, in dûnsútfiering oer it fêstsitten yn tinkbylden en ferwachtingen fan de maatskippij. Njonken dûns is der ek muzyk fan gitarist Stanimir Labov en fan de band Toucan Coma.

By Storyworld yn it Forum kin men live meisjen by de Grinzer stripmakker Jan-Willem Spakman. Yn it museum sels sjocht men de nije eksposysje oer Gerben Valkema, striptekener fan it jier, bekend fan de strips Elsje en Kik. Dêrnjonken kin men de hiele jûn trochrinnend yn de Rabo Studio fan it Forum de ymposante ynstalllaasje Habitat fan Heleen Blanken bewûnderje en ûndergean.

Underfyn fia firtual reality de archeology fan de takomst yn it Universiteitsmuseum. Der is ek hiphop fan Alexander Moto en de fioelisten Elena Muños de Morales en Belén Pérez fan Bihotz Duo jouwe in prachtich konsert.

Myron Hamming, stedsdichter fan Grins, jout op in ferrassende manier ynfolling oan it tema fan GRID tekst en byld. Men kin dy nacht ek sjen nei de útstalling fan de bysûndere gearwurking tusken yllustrator Olivia Ettema en skriuwster Franca Treur.

Yn it Grinzer Museum is in ‘stille disko’ fan KopjeK en binne der bysûndere optredens fan Rani, Orange Skyline en Eva Waterbolk. De ‘slow looking’-rûnlieding by keunst fan ûnder oare Andy Warhol en Erwin Olaf lâns is ek te folgjen. Men kin in eigen ‘augmented reality graffiti’ yn ien fan de sealen fan de Bernebiënnale kreëarje.

Spesjaal foar de Museumnacht iepenet dit jier in ekstra lokaasje de doarren: De Atsjerke. It is de haadlokaasje fan it Noarderljocht Ynternasjonaal Fotofestival 2021: The Makeable Mind. Yn ’e tsjerke sjocht men fotografy, firtual reality en as topattraksje de enoarme multymedia-ynstallaasje LAWKI-NOW fan ûntwerpkollektyf ARK.

Oer de Grinzer Museumnacht
De Museumnacht is sûnt fiif jier in begryp yn kultureel Grins. It lûkt in jong publyk fan tusken de 20 en 35 jier. Jierliks komme ek in protte bûtenlânske studinten op de jûn fol keunst, kultuer en gesellichheid ôf. De Grinzer Museumnacht is in mienskiplik inisjatyf fan it Grinzer Museum, it Noardlik Skipfeartmuseum, GRID Grafysk Museum Grins, strip-, animaasje- en spulmuseum Storyworld en it Universiteitsmuseum Grins.

Sjoch foar mear ynformaasje op groningermuseumnacht.nl.

augustus 26, 2021 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.