Ofsetterij by PCR-testen

augustus 3, 2021 06:10

Ynstjoerd

Op 23 juny skreau ik yn ’e Ljouwerter Krante oer ôfsetterij by de ferplichte PCR-test foar fleanreizen nei beskate bestimmingen, yn ús gefal Portugal. Kommersjele oanbieders sloegen der in slaadsje út sûnder dat de oerheid der eat tsjin die. Mar it kin noch slimmer.

Op de lêste dei foar ús weromreis krige Portugal koade oranje, sadat in negative PCR-test ferplichte wie foar de flecht mei Transavia nei Nederlân. Dat moast binnen in dei en dat koe allinnich op it fleanfjild fan Lissabon by TAP, de Portugeeske loftfeartmaatskippij. Sûnder negative test sieten we fêst yn Portugal. Op it fleanfjild stiene twa rigen passazjiers foar de testbaly fan TAP: ien fan TAP-klanten en ien fan klanten fan oare maatskippijen. De test koste, skrik net, 360 euro foar ús tegearre! Folsleine ôfsetterij. TAP-klanten krigen foarrang, lju yn de twadde rige waarden behannele as twaddederangs reizgers, dy’t pas holpen waarden as der ris in plakje frijkaam yn de rige fan TAP-klanten. Yn totaal duorre it trije oeren foar’t we oan bar wiene. Lokkigernôch wie de test negatyf. Mar it is baas boppe baas: yn it telefyzjeprogram De Vakantieman klagen toeristen dat se yn Kopenhagen 480 euro elts betelje moasten foar de PCR-test…

Ik begryp net dat de EU net yngrypt om in ein oan dy misstân te meitsjen.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

 

augustus 3, 2021 06:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.