Janneke Warringa sjongt Fryske ferskes yn Koarnjum

augustus 1, 2021 07:15
Janneke Warringa (boarne: Bob de Boer)

Janneke Warringa sjongt op 5 septimber Fryske ferskes oer hoop en langstme yn de Nikolaastsjerke fan Koarnjum. De middei hjit tige tapaslik ek Ferlet. De teksten fan ‘e sjongster binne skreaun of oerset troch Baukje Wytsma, Tsjêbbe Hettinga, Jaap Duijs en Peter van der Zwaag. De lêste is ek har fêste pianist.

De middei begjint om 14.30. Yntree jildt 17,50 euro. Dêr sit in kop kofje of tee by yn. Kaarten moatte reservearre wurde. Dat kin by Bob de Boer op tel. 06-54763154 of e-mail bobdeboer@pinupsanddowns.com.

Hjirûnder hearre jo Janneke Warringa mei it ferske hoop fan Ivo de Wijs, yn de Fryske oersetting fan Baukje Wytsma.

augustus 1, 2021 07:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.