Jan Schokker: Utfûgelje

augustus 28, 2021 07:00

Kollum

Wat is keunst? Better frege, wat betsjut keunst yn wêzen foar my persoanlik? Dat is sa’n besteansfraach dy’t geregeldwei yn myn libben oerdriuwt en dêr’t ik noch gjin goed antwurd op ha. Te faak bliuw ik op ’e flakte yn myn beoardielingen fan in keunstwurk. Ik fluktuearje alle kearen mear, yn smaak, yn stimming en foaral yn wat myn fokus op fanselssprekkendheid oanbelanget. Op in kreaze sneontemiddei yn augustus stean ik by de keunstmanifestaasje ‘Iepen Stâl’ yn Aldeberkeap each yn each mei in hiele rige keunstwurken. Ik nim my foar om al it toande wurk bewust yn my op te sûgjen, sûnder fuortdaliks in oardiel te foarmjen. Mei gefoel en/of ferstân fan saken de keunst op my ynwurkje litte, sa bin ik it hjoed fan doel.

Want wêr hawwe wy it oer? Giet it om de keunst fan it kreëarjen, it behearskjen fan in ambacht en kennis fan materialen? Of is it krekt de keunst fan it weilitten, it essinsjele werombringe ta in gedachte, in sfear, in boadskip, in emoasje en dat mei meastentiids in minimaal bytsje materialen of arbeid yn in foarm te jitten? Sis it mar. Dizze ‘Iepen Stâl’ is in prachtsamling fan allegear keunstwurken, útstald op in ferskaat oan lokaasjes, nim de tsjerke, in skoalle, in skuorre, in wenning, it hotel, it âlde fabryk, in trochreed of gewoanwei yn de iepen loft. In stâl ha ik net sjoen, mar dat sil wis yn de begjinjierren fan de manifestaasje west hawwe. Wat seagen wy? Wy seagen bysûndere ynstallaasjes, sieraden, potlead- en houtskoaltekeningen, kreaasjes fan en yn stof, glês, doek en izer, skilderijen, byldhouwurk, boeken…

Hjir yn Aldeberkeap is it de kombinaasje fan keunstwurk en lokaasje. Ik sil dus in keunstwurk ek beoardielje yn relaasje mei de omjouwing dêr’t it stiet, hinget of leit. Yn de prachtige Bonifatiustsjerke bygelyks hinget in papierskulptuer fan Peter Gentenaar. It hinget heech en presys goed om de hiele tsjerke te foljen. Yn in stâl of skuorre hie soks net ta syn rjocht kommen. De keunstner sels hat it oer in stik kroepoek, mar it is mear as dat. De kleur is krekt goed tsjin de donkere eftergrûn fan it ferwulft, it is spannend en emosjoneel tagelyk. Yn dizze sfear is it ek mear in swevende ingel as in stik kroepoek. Mar no beoardielje ik al wer, dat soe ik ommers net dwaan. Bûten nim ik in hap frisse lucht. Efkes wer yn in neutrale spûnzige stimming komme.

Neist de tsjerke, foar Huize Vredewoud oer, stiet in samling objekten fan Piet van de Kar. Dêr sykje ik de útlis yn de katalogus foar op, want hjir ha ik muoite mei. Fan balkjes is in objekt makke dat in bist foarstelle moat, in hynder lês ik yn it ferhaal. De ferantwurding fan de keunstner is wiidweidich en is better – en yn elk gefal kreativer – as de kreaasje sels. It binne balkjes yn felle kleuren, foarstellende in keppel hynders. Guon hynders hawwe in stik tou ûnder it balkje hingjen. Miskien is de keunstner in humorist, mar hjir mis ik it ambacht. Of is de humor hjir it ambacht? Dochs, ik oardielje net. Ik sûgje en ik suchtsje.

It is werklik te folle om hjir ferslach fan te dwaan, mar beslist net te folle om dit alles yn myn grutte keunstspûns op te nimmen. It lêste dat wy bewûnderje is beslist de muoite wurdich. Yn de âlde CAV-fabryk bin ik troffen troch foaral it ambacht fan de keunstners. It stjerrende hynder fan Mirjam Knibbeler: yntins. It grut ikehouten byld ‘Weet de Zon van de Schaduw’ fan Hans Rikken: geniaal. It ‘Imperfectum’, houten byld fan Gertjan Evenhuis, makke fan leadswiere ferbrânde houten balken: suvere emoasje, it rekket my djip. It bêste lykwols fyn ik it houten byld fan Gerhard Lentink, Opus 38: ‘Redites-moi des choses tenders’. Perfekte útfiering, perfekte ôfwurking: hjir is it ambacht werklik ta keunst ferheft.

Hearlik, sa’n middei! Mar bin ik folle wizer wurden? Ha ik mysels hjoed better kennen leard? Miskien wol. No besef ik teminsten dat ik in keunstwurk it posityfst wurdearje as it tige keunstich makke is. Miskien is myn respekt hjir in foarm fan jaloerskens, miskien is de keunstner foar my pas echt in keunstner as hy of sy wat betinkt en makket dêr’t ik fan myn libben net ta yn steat bin. Dy keunstner as frjemde fûgel is ûnberikber foar my. Ik lit it fleane, as soksoarte keunst fan betsjutting bliuwt, komt it der yn nije foarmen fansels wol wer by my yn.

 

 

 

 

 

 

 

augustus 28, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.