It Sechsde Wurd: Gean net oer liken

augustus 15, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Dea is yn ’e Bibel net allinne wat by it ferstjerren bart, mar folle mear wat deroan foarôf giet: in libben dat gjin libben is. It is ek wat oan de dea foarôf giet oan ûnderdrukking, yntimidaasje en fernedering, lykas by Jeremia. Sjoch ek Psalm 94:6.
It Sechsde Wurd slacht yn dy sin op wurkjouwers dy’t arbeiders sûnder beskerming arbeidzje litte mei middels dy’t kanker feroarsaakje kinne. Ik lies ris in stúdzje oer seis foarmen fan kanker by sânensantich beroppen, ûntstien troch stoffen dy’t kanker feroarsaakje!

“Gean net oer liken!”
It slacht ek op grutgrûnbesitters, bygelyks yn Súd-Amearika, dy’t lytse boeren ûnteigenje en foar in hongerlean wurkje litte. It hiele koloniale systeem wurdt hjir feroardiele.

It Sechsde Wurd is yn ferbân brocht mei abortus, eutanasy en it jinsels tekoart dwaan. Mar, in famke dat troch ferkrêfting of by ûngelok swier rekket, kin dêrtroch yn ‘Egypte’ reitsje. Troch de berte fan in swier handikapt bern, troch in beroerte, troch in slim ûngelok kin it libben foar in minske en syn neisten ‘Egypte’ wurde.
As minsken net mear kinne, dan sitte se yn ‘Egypte’. Immen sei: “Der sels in ein oan meitsje is foar in minske dy’t net mear kin, in natuerlike dea.” Dat kin foar de neisten in grutte treast wêze en helpe om skuldgefoelens de baas te wurden.
Foarop stiet, dat ús God ‘Egypte’ net wol.

It is yn dizze dingen net sa maklik om swart-wyt ja of nee te sizzen. Fan gefal ta gefal moat wraksele wurde mei de fraach: wat is yn dizze situaasje de befrijing út Egypte?
As yn dy wrakseling foar eutanasy of abortus keazen wurdt, dan past it oaren om te swijen. Sa past ús ek gjin oardiel oer minsken dy’t harsels tekoart diene. Wy moatte, lykas Jeremia, kritysk wêze foar minsken dy’t oer liken geane.

Lêze Jeremia 22:13-17

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
augustus 15, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.