It sânde wurd: Respekt toane foar al besteande freonskippen en relaasjes

augustus 22, 2021 07:00

Oertinking

In âlderling wie op besite by in man en frou dy’t, sa’t wy dat neame, relaasje-problemen hiene. De man seach gjin oare útwei as skiede. Doe’t er dat sei, antwurde de âlderling: “Wat God samengevoegd heeft, scheide de mens niet.” Letter op ’e jûn sei de man: “Jo ha dat no trije kear sein, mar ik mei har net mear lije.”

Wy meie it sânde wurd net misbrûke. God hat gjin belang by in min houlik. Ek no wer is it begryp ‘frijheid’ beskiedend. As in man of in frou in ‘Farao’ wurden is, dan mei se/er dêrfan befrijd wurde. As it ‘Egypte’ fan in houlik sûnder leafde ferlitten is, dan past de útrop: Frij, frij, ik bin frij!

Lykwols, it sânde wurd is net alderearst rjochte op de partners yn in relaasje. It is benammen bedoeld foar tredden dy’t yn in relaasje ynbrekke. It keart him tsjin lju dy’t in troude man of in troude frou ferliede en dy’t sa in al besteande relaasje (houlik, homofile relaasje, freonskip) yn dusoarder bringe. Sjoen de desastreuze gefolgen dy’t in skieding foar bern bestjut, is dit gebod ek rjochte op it foarkommen fan ûnheil foar de bern. As in man of frou al ris fereale op in oarenien wurdt, dan moat er/se dochs it ferstân brûke en alles dwaan om de besteande relaasje te rêden, want “it besteande hat foarrang op it noch net besteande” (Bonhoeffer).

Sykje hieltyd wer de blauwe fûgel fan it gelok yn it eigen hûs. Dat is it advys fan Spreuken, dêr’t men “Lit leafde en trou dy net ferlitte” lêze kin mei in fraach- en mei in útropteken derefter. As fraach is it in gebed ta God: Help ús om trou en leaf te bliuwen. It útropteken is in oantrún om der sels alles oan te dwaan.

Lêze: Spreuken 3:1-8

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
augustus 22, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.