It kulturele seizoen fan start by De Lawei

augustus 17, 2021 08:43

It oankommende teaterseizoen fan De Lawei sit fol bysûndere foarstellingen en konserten. Mei ûnder mear Nynke Laverman, Het Nationale Theater, Scapino Ballet en Out of Chaos. Kaarten foar it nije seizoen kinne fan 17 augustus ôf, njonken fia ynternet, ek wer fysyk oan ’e kassa kocht wurde.

Arjen Lubach (foto: ©Merlijn Doomernik)

Oftraap troch Arjen Lubach
It teaterseizoen wurdt ôftrape troch de try-out fan Arjen Lubach. In oere lang rûch komeedzjemateriaal, dêr’t guon grappen fan miskien mar ien kear te hearren wêze sille, en oaren ta klassikers útgroeie kinne, lykas ‘Beter (dan Baudet) in bed’ (nominearre foar de Annie MG Schmidtpriis 2019). Sûnder mis unyk. De try-out spilet op 24, 25, en 26 austustus om 19.00 en 21.00 oere.

Films sjen yn augustus
Fan 25 augustus ôf set it filmseizoen yn De Lawei útein. Mei dy deis it komyske drama Adieu les Cons, dy’t sân Césars (Frânske Oscars) wûn, mei ek ien foar bêste film. Op 26 augustus is Aznavour, le regard de Charles te sjen. In ynkringend selsportret oer de legindaryske Frânske sjonger, lietsjeskriuwer en akteur Charles Aznavour.

Op 26 augustus wurdt ek Gunda fertoand. In oangripende en wûndermoaie swart-wytfilm troch Victor Kossakovsky oer bisten op ’e pleats, mei de baarch Gunda yn ’e haadrol. Op 29 augustus en 1 septimber draait Tina, in oade oan de wrâldwide superstjer Tina Turner. In yntym portret oer in frou dy’t in protte tsjinslaggen oerwinne moast om har karriêre, identiteit en neilittenskip op har eigen wize foarm te jaan.

Iepening Teaterkafee Hopper
Teaterkafee Hopper iepenet op 18 augustus syn doarren wer. Teaterkafee Hopper is it adres foar in goed middeis- of jûnsmiel of in gesellige burrel. Foarôfgeand oan de foarstelling of film in hapke ite kin ek altyd.

augustus 17, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.